D2 kampioen yn de seal

Weppers sneon-snein
15 februari 2014
Weppers moandei 17-2
17 februari 2014

SDS D2 KAMPIOEN YN LJOUWERT

Mei 18 punten ut 6 wedstryden, koe it einliks net mear ferkeard gean. Der moasten noch 3 punten helle wurde yn 2 westryden om kampioen te wurden. Om 13.15u giene we mei syn allen fanut Wommels rjochting Ljouwert. Dat de spanning ek heech oprun by ien fan de lieders die wol bliken underweis nei Ljouwert. Hy wist net iens mear wer Ljouwert lei en stie mei de jongens samar yn Earnewald. Gelokkich wist de oare lieder wol wer Ljouwert lei en koe hy de ferdwaalde jongens telefonisch wer rjochting Ljouwert liede. We wiene noch krekt op tiid yn de Sporthal oan it Kalverdijkje. De taryding koe begjinne en de earste wedstryd wie tsjin Leovardia D6. De mannen wiene skerp al hiel gau skoarde Tjitse de 1-0 nei in assist fan Stan. Dernei gie it hurd. Mei betiiden prachtig “tikkie-takkie”fuotbal waard Leovardia hielendal fuort spiele. It waard 2-0 (Stan), 3-0(Stan), 4-0(Arjen), 5-0(Tjitse), 6-0(Eeltsje),          7-0(Stan), 8-0(Stan) en 9-0(Tjitse). Fanof de bank en tribune waard roppen: TSIEN TSIEN!!!
Douwe-Jan kaam TSIEN tellen foar tiid allinich op de keeper of om de TSIENDE te meitsjen.
Hy woe sa graach skoare mar stroffele jammer genoch oer de bal. Trochdat SDS fol op de oanfal spyle, kamen der ek in pear kansen foar Leovardia. Mar dan stiet der altyd wer us geweldiche keeper Jeffrey. Hy wie net fan plan om dan ek mar ien bal troch te litten. Mei prachtige, soms unmogelike reddingen hald hy syn goal skjin. De twadde wedstryd tsjin Leovardia D5 die der einliks net mear ta, mar dat wisten de jongens fan SDS net. Ek woene wy de leste wedstryd winne. De westryd wie minder dan de earste, mar dochs waard der makkelik wun mei 4-0. Doelpuntenmakkers: Stan, Arjen en Tjiste(2x). Dat we de 0 halden wie foar in grut diel wer te danken oan Jeffrey. Dernei koe it feest begjinne.

Under grutte belangstelling waarden de dik fertsjinne medailles utdield troch de foarsitter fan de jongerein fan SDS, Robert Schildkamp. Dernei galme de TSUNAMI troch de klaaikeamer.
Neist fuotbalje kinnen de mannen fan SDS ek aardich dunsje (sjoch filmke)
Nei it douchen giene we wer mei syn allen rjochting Wommels. Op de Skries wie it gebak ite, kola drinke, patat/frikandellen/kroketten ite en Olympische Spelen sjen. Dernei gie it hiele spul wer nei buten en je ride al wat se dan doche:  Fuotbalje fansels.
Om 19.00u wie it feest ofrun. Elsensien gie nei hus of waard thus brocht.
Wy meie wol sizze: It wie in tige slagge midje!!!!

Ik wol noch efkes trye minsken bedanke foar it dwaan fan de saalwacht/skoardeboerd.
Lysanne Wiersma, Christel Andringa en Matthijs Postma. Tige dank hjir foar.

It sealfuotbaljen foar dit seizoen is no foarby. Krekt is de yndieling bekend makke foar de kompetysje op it fjild. Dan kinne wy us no der wer op rjochtsje.

Theo.