Bolswardia ferliest fan Trynwâldster Boys

SDS wint wer fan CVVO
27 mei 2003
Finale sneon om 17.00 oere yn Ljouwert
27 mei 2003

Trynwâldster Boys stiet sneon yn ‘e finale fan ‘e neikompetysje tsjin SDS. Trynwâldster Boys wûn fan Bolswardia mei 3-2. By rêst wie it noch 1-1. Omdat de earste wedstriid troch Bolswardia mei 2-1 wûn wie moasten der strafskoppen nommen wurde. De Oentsjerksters dienen dit efkes better as de Boalserters.

Mei dit rissultaat binne dit seizoen alle trije Boalserter clubs (RES, CAB en Bolswardia) degradeare.

Nijlân is útskeakele yn ‘e neikompetysje fan ‘e 2e klasse. Sy ferlearen thús mei 1-3 fan Viboa út Winsum (Grins). Viboa spilet yn ‘e finale tsjin VHK om in plakje yn ‘e earste klasse.