Blomkemerkweppers

Weppers woansdei 8-5
8 mei 2013
Seleksjes sneon 11-5
8 mei 2013

g.n.t.
De B’s hebben vrij dit weekend, wedstrijd tegen MKV gaat niet door, ze hebben te weinig spelers.
Tsja…………
Wedstijd is verplaatst naar 25 mei, maar dan missen wij onze kaatsers, dus…….

Boudewijn

De jonge blommen fan MC1
De jonge blommens fan MC 1 fuotbalje de lêste wiken mear as de fiif moannen hjirfoar. En dit waar wêryn de knoppen blommen wurde liket de froulju goed te dwaan. Justerjûn setten se nei in swiet reintsje Robur oan de kant. No hawwe wij allinne it skoft en de twadde helte sjoen mar dat wie genôch om te konstatearen dat it wol goed komt mei dizze famkes. Mei de 2-2 rêststân en in froutsje mear yn it fjild setten se de iene goeie oanfal nei de oare op. Doelpunten koene net útbliuwe. Mar it wie Robur dat earst op foarsprong kaam (2-3), Dêrnei liet ien fan de SDS famkes sjen dat sij ek wol yn it Clarence Sluier Klassemint wol, want sij miste in strafskop. Mar de (tulpe)kopkes gyngen net hingjen mar rjochten harren op. Ien fan de memmen sei ik helje de bril op want dit wol ik better besjen: foardat se werom wie it : bam 3-3, knik 4-3.
Robur kaam dochs wer op 4-4, mar it slotakkoard wie foar SDS: Twa kear in streep yn de rjochter boppehoeke.  
In moaie pot, entûsjast publyk en in terjochte oerwinning.
Trije foto’s fan de strafskop: de konsintraasje, de doelfrou dy’t de bal keart en de herkânsing dy’t ek keard wurdt troch de keepster. Wij hawwe fansels leaver ien foto wêr’t skoard wurdt, mar hjir kin de koach ek wol wer wat mei.
Doelpunten: Kirsten, Tjitske (2), Nienke (3)

Ofskie
Akke Rixt, de freondinne fan Pieter Kamstra hat de (fjild)fuotbalskuon moandei oan de wylgen hongen en is moandei ek mei in blomke nei hûs gien skatte wij sa yn..
Der wie in ôfskiedswedstriid tusken ONS Da1(oranje) en “âld” ONS Dames en Pieter (blauw)
Oranje hat (lyk as ferwachtte) wûn, mar ek Akke Rixt (blauw) hat noch in pear kear skoard. Op 
dizze foto is Pieter de oanjouwer fan de frije trap, dy ’t se der prachtich yn sjit. Nei de tiid fansels meielkoar op de foto

Foto
Wij hawwe gjin idee, wêrom wij 
dizze foto pleatse. Wij witte ek net fan wa’t wij him krigen ha. Wij hawwe der ek gjin tekst bij mar miskien kinne jim ús helpe om hjir wat moais bij te betinken. Mail ús jim suggesty. De winner krijt in boskje pinksterblommen.

Seleksjes
Der binne al wat seleksjes(1, 2, 3 en 5) klear foar sneon. Jim kinne se hjir sjen.
 

Programma sneon
It programma fan sneon kinne jim hjir alfêst sjen.

SDS League
Letter hjoed hjir de nijste stân.

Harsens derby(1023)
De âlde blom Ronaldinho kin it noch altiten: “Toet toet!!”