Belsjinezen bij SDS

Kryst weppers
26 december 2009
Weppers moandei 28-12
28 december 2009

Belsjinezen
De KNVB hat bekind makke dat sij harren ûndersyk nei de belsjinezen útwreidzje nei it amateurfuotbal. Alle fertochte tillefoantsjes om en bij it fuotbalfjild wurde neilutsen. Klups binne ferplichte om mei te wurkjen en dêrom moatte wij helaas de fertochte belsjinezen binnen SDS bekind meitsje.  Hawwe jim belestende ferklearingen of kinne jim dizze fertochte persoanen frijpleitsje. Wij heare it graach fan jim. Mail it nei
sds-nijs@home.nl

Fertochte 1

Tjeerd D., stiet efter de hage fanút de tún fan Eddy en Pep de Boer te beljen. Dat liket tige fertocht of is it in keatspraatsje?

Fertochte 2

Gert Jan H., hat in skofke yn de begelieding fan SDS 1 sitten. Skillet hij hjir mei Peking of bestelt hij alfêst Sjinees.

Fertochte 3 en 4

Akke H. en Sjoerd van B. hawwe of sykje kontakt mei it goksyndikaat. Of belje se elkoar?

Fertochte 5

Jappie W. jout alles troch: it oantal yngoaien, it oantal korners, it oantal kearen dat de bal yn de feart rekket en it oantal kearen dat de doelman yn de want flibet

Neist de boppesteande fertochten hat men ek belangstelling toand foar de konstant beljende en sms-sende Harm A. D., de regelmjittich beljende eardere trainer Marcel F.

En it sil jim gjin nij dwaan dat alle fuotballers dy’t yn it Clarence Sluierklassemint en it Tikkie Terug Jaap klassemint steane spesjale oandacht krije fan de KNVB.

Opfallend is dat de earder neamde Jappie W. en Harm A.D ek yn dat selde klassemint foarkomme.

It Tikkie terug Truus klassemint wurdt net as fertocht sjoen omdat dit as  “learproses” beskôge wurdt.

By PSV binne se der nei lang ûndersyk ynmiddels wis fan dat der gjin belsjinezen binne. Wy binne hjir net sa wis fan. Hielendal net no ’t wy sjogge dat der by SDS dochs al 3 PSV’ers omrinne as haadfertochten(HAD, JW en GJH):
Photo