Weppers tiisdei 4-5

Weppers moandei 3-5
3 mei 2010
Befrijdingsweppers
4 mei 2010

SDS 1 traint yn Hidaard
SDS 1 traint jûn wer yn Hidaard.
Fertrek om 18.50 by de Skoalleseize.
Tongersdei wurdt der wer om 19.00 traind.
Dick


Moaie kollum
Nico Dijkshoorn hie ferline wike in prachtige kollum yn de VI dy ’t wy jim ek noch efkes lêze litte wolle (klik
hjir).

Wat dogge we?
Gerlof Veldstra hie sneon yn de rest by SDS 3 – SC Joure 2 in drege fraach wêr ’t wy noch altiten net in goed antwurd op hawwe. De wedstryd tsjin SC Joure 2 gie nergens mear om en doe frege Gerlof: “Wat dogge we as wy in kertier foar tiid 0-0 stean?” Hiel SDS 3 hat him der sneontejûn syn holle oer brutsen en witte it echt net. As je in kertier foar tiid efter komme is it fansels folle makliker. Dan moatte je …………ôftraapje…………

Lekker ite mei………..
De barbekjoe fan SDS 3 ôfrûne sneon by “Pitch & Put” yn Ljouwert wie harstikkene slagge, mar as wy dizze keardel sa sjogge moatte je al goed drinken bliuwe by de stokbôle:


Siik…….
By Schalke binne se der aardich siik fan dat Bayern München kampioen wurden is:
Schalke Fan

Harsens derby (208)
Wy fûnen him snein wol aardich al hie Pothuizen mazzel dat hy gjin read krige. Of hie dy dan de efterkant fan it T-sjurt sjen litten?



Letter miskien mear!