Wepperkes -tongersdei-

A-Wepperkes en mear..
7 september 2005
De nije SDS-sokken binne der!!
8 september 2005

Bytsje oerlêst
Door de renovatie van een tweetal verouderde kleedkamers is er tijdelijk enige overlast. Het is mogelijk dat er meerdere teams een kleedkamer moeten delen.
Eind september hopen we de kleedkamers op te leveren.
Na enige verplichte aanpassingen zal het hekwerk om de trainingsvelden in week 38 geplaatst worden. Het is nog even doorbijten met z´n allen maar het gaat de goeie kant uit.
Wij rekenen op jullie begrip en medewerking.

Bestuur stichting ´Skoalleseize`


C1 hat ek wer fuotballe
SDS C1 hat woansdei mei 2-3 wûn fan Frjentsjer C1 yn de lêste bekerronde.
At sy troch binne is noch de fraach. Dat hinget fan Makkum- JV Bolsward ôf.
Goals: Jarco 1-0, Wytse 1-2, Doede 2-4.

It komplete ferslach kinne jim hjir lêze

Drok
Tongersdeitejûn is it wer drok op de Skoalleseize.
Alle senioren binne der en ek de A-spilers. Ommers SDS 1 en SDS 2 dy traine en dêr mist hast nea ien en SDS 4 en 5 traine ek en dy binne sa trou as Andre Hazes silliger.
SDS 3 en A1 oefenje om 18.45 oere.

Skrok|
Fan Skrok krigen wij ek in berjochtje. Sij woene ús der efkes opwize dat harren “korps” Skrok sneontejûn spilet op Klomproch yn Wommels. Bij it swinbad komme  in oantal popgroepen byien om dêr moaie, lûde, hurde en swingende rock muzyk te spyljen. Ek Swee is dêr oanwêzich. It begjint al betiid. Om 8 oere galmje de earste lûden al út de boksen. It kost mar 5 euro en it is foar in goed doel: it behâld fan it swimbad.

SDS 3 futsal
Dy binne al wer twa wedstriden oan de gong en wij hawwe noch gjin útslach trochkrigen. Hearen, kin dat ek oars of wolle jim der net bij heare.?