A.HAK-sealtoernoai E- en F-pupillen

Weppers snein 6-1
6 januari 2013
Weppers moandei 7-1
7 januari 2013

Hjoed is it SDS nijjiers sealtoernooi spile troch de E en F-pupillen in sporthal de Greidhoeke.

Fan ‘e moarn wien de F-pupillen oan de beurt, om 09:05 gien se los mei it toernooi. 7 teams spilen der by de f-kes dus moasten se allegear 6 wedstryden fan 12 minuten spylje.
De bern wisten allegear dat it in lange moarn wurde soe en lokkich genôch ferûn de moarn troch alle heiten en memmen oan de kant sûnder incidenten.
Op papier like it dat it team fan Ate Schaap, Anne Klaas Bootsma, Arjen Stremler, Rico Kupers, Timen de Boer en Jesse van Krimpen in hiel grutte kâns makke op it kampioenskip en de earste wedstriden waarden dan ek dik wûn. It team fan Rutger Sybesma wist as earste goed tsjinstand te bieden tsjin dizze fuotbaljende stoarm en kaam fanút 0-2 efsterstân werom nei 2-2. Dit wie ek de einstân. Dernei wie it team fan Doede de Jager, Sije van der Schaar, Jens Hiemstra, Jalko Tanja, Redmer Stegenga ne Jelmer Abels oant de beurt. dit team wie nog net sa opfallen mar hie al 2 kear wûn en ien kear gelyk spile en wie dus een geduchte konkurint foar it kampioenskip. En eigenlyks nei in moaie kombinaasje mei Doede de Jager skoarde Sije van der Schaar ûnferwachts 1-0 wat ek de ein útslag wie. Hjirmei stie it team fan Doede op nûmer 1, sy moasten nog ien wedstryd winne en dat dienen se oertsjoechend mei 6-2.
De winnaars by de F-pupillen dus:

flnr : Redmer Stegenga, Jens Hiemstra, Doede de Jager
Jalko Tanja, Jelmer Abels, Sije van der Schaar.


De E-pupillen gien los om 13:45 oere. De spilers fan E1 wien moars earst nog fuort west te spyljen yn de sealfuotbalkompetysje dus die wienen al goed waarm.
By de E’s duorre it even foar dat erwat sicht op kaam wa’t it toernooi ws soe winne. Der waard mooi fuotballe en goed kombinearre. Uteinlyk gie it noch om 2 teams dy’t foar de beker gongen. It team fan Tjerk Ebbinge, Wiltsje Aardema, Arjen Schaap, Merijn Petra, Almer Haagsma en Remi Bootsma en it team fan Douwe Jan Vellinga, Micheals van der Weg, Stijn Schildkamp, Jeffrey van der Werf, Klaas Vogt en Wout Kamstra. Undanks de grutte ynset en it suver útblinken fan Almer en Merijn waard it team fan Douwe Jan Vellinga earste. Jeffrey fan der Werf makke it troch syn keeperskwaliteiten krekt it verskil wêrtroch dit team meiyn punt ferskil kampioen wurden is.


flnr : Jeffrey v/d Werf, Stijn Schildkamp, Douwe Jan Vellinga
Klaas Vogt, Micheal v/d Weg en Wout Kamstra.

Al mei al wie it in spannende fuotbaldei yn de Greidhoeke, it grutte oantal taskoggers ne de gastfrijhyd fan Titus soarge foar in noflyke sfear en de wedstryd lieding wie yn goeie hânnen.
Ik wol Wytse Lanting(SDS 1), Christiaan Gaastra (SDS 1) en Ayanle Barkat (SDS 1/2) hjirfoar graach bedanke, mar speciaal wol ik ús aspirant jeugdskiedsrjochters Peter Hoogerwerf (SDS D1) en Luuk van der Schaar (SDS D2) bedanke fuar hun ynset. Derneist bin ik ûnder de yndruk fan de wize wêrop sokke jonge fuotballers sich foar de klub ynsette.
Mannen alle fiif bedankt!

Gr. Hans van der Schaar