Wykein weppers

Willem Agema ferstoarn
10 januari 2019
Weppers tiisdei 15-1-2019
15 januari 2019

André Vink knapt op

André Vink leit noch altiten yn it sikenhûs yn Snits, mar hy knapt aardich op. Hy leit ynmiddels net mear op de IC oan de beademing en leit no op in ‘gewoane’ ferpleechôfdieling. Hy moat no fierder oansterkje. Betterskip!

Ondanks verlies! coach toch tevreden.

Vandaag moesten we voor 1 wedstrijd naar Leeuwarden en wel tegen de kampioen uit de najaars competitie Franeker.
De tactiek van de coach was 1-2-2.
Dat bleek goed uit te pakken en leidde zelfs tot de beste kansen maar helaas of de keeper stond in de weg of net over/naast.
Franeker kwam pas laat op 1-0 door net niet goed staan van onze verdediging en liet Herman kansloos.
Dus alles of niets werd het nu met nog 1 minuut spelen kregen we corner zou je zeggen na dat de bal via de keeper van Franeker achter ging
dus naar voren werd er gezegd maar wat de scheidsrechter gaf was een achterbal en ging Franeker op de counter op Herman af en schoot via de paal 2-0 binnen.
SDS liep mopperend op de scheidsrechter het veld af.
Ik ben zeer tevreden over het spel en de inzet. wat ik gezien was echt een strijdend SDS JO 11-1 en geeft vertrouwen voor de voorjaars competitie!
Groetjes Dennis Vinke

Klaas van der Weg held fan de jûn

It sil net faak sa west hawwe dat Klaas van der Weg nei ôfrin fan in wedstriid betanke wurdt troch ploechgenoaten en tsjinstanners.
Betanke foar syn doelpunt. It ferlossende befrijende doelpunt. De hesjes wiene te goed útdield, de ploegen wiene yn lykwicht en woene dy lêste finalepartij winne.
De goeie koordinaasje tusken de geast en de fuotten wie der al net mear. Wat de rjochterfoet dwaan moast, die de linker en wylst de geast rôp werom of mei nei foaren, wiene de fuotten dwers: dy woene efkes bekomme. Dy koene dat tempo fan de geast net mear bijhâlde. Nei wer in oanfal sûnder resultaat (oer, neist, hinderlike doelman) waard er nei asem hapt. Dit Efkes Baljen duorre langer as in training en in neisit fan Oosterlittens 1.
Der binne gjin rigels bij it Efkes Baljen om der earder in ein oan te meitsjen mar dy komme der nei dizze jûn al.
It is wachtsjen op dat iene doelpunt at Klaas van der Weg him ûnstjerlik makket.
De grutte partij wie der ek ien om yn te listen. Ploech sûnder hes mei 3-0 foar, mei 4-3 efter, 4-4 en krekt foar healwei njoggenen op 4-5 efter. Dat er dêrnei noch 2 doelpunten foelen foar de hesploech die der net mear ta.
Dat wie yn de net erkende tiid fan de groepering dy’t perfoarst in oere fuotbalje wol.
Mei oare wurden, it wiene moaie potsjes justerjûn mar troch gebrek oan skoarende fermogen duorre it minstens in kertier te lang.
De Hesjes: Wouter, Frank, Syb, Johan, Menno, Sipke en Klaas
Sûnder hes: Folkert Rients, Harrie, Wybren, Karst, Harm (sûnder Auke) Ferry, Aant

Seal

Ek hjoed binne wer in oantal SDS teams yn de seal dwaande foar deKNVB seal kompetysje. Sjoch bij programma

Gjin seal

Foar de SDS teams hjoed gjin finaledei fan it OFK yn Frjentsjer. Froulju 1 en mânlju 1 koene harren beide net pleatse.

OFK

Leekster Eagles wûn juster it OFK by de manlju en Drachtster Boys wûn it by de froulju. Leekster Eagles wûn yn de finale mei 4-1 fan de Herauten. De Leekster Eagles hawwe op it OFK alle wedstriden wûn útsein ien…………… Sy spilen gelyk tsjin SDS.

Triatlon

De meast bekende triatlons besteane út trije ûnderdielen: swimme, fytse en hurdrinne. Tjerk van der Pol, foarsitter fan de jeugdkommisje die dizze wike in oar soarte fan triatlon: 3 koarte fuotbalwedstriden bij SDS, 4 wintersylwedstriden bij Heech en 2 Fryske dampartijen bij wrâldkampioen Jelle Wiersma yn de Jimbar. Bij it damjen wie hij it meast suksesfol: hij hoechde net tsjin Jelle.

Midwintercup 2004

Juster die SDS dan wol net mei oan de finales fan it OFK, dochs gienen sy noch wolris oer de tonge. Mei nammen by de wat âldere fuotballeafhawwers. Dêrom hjir noch mar ris in kear;