Wykein Wepperkes

Peter en Geartsje hawwe in soan!
17 juli 2004
Ek yn Lollum kransen oan de muorre
17 juli 2004

Nije keeper.
Wy hawwe der noch altiten net in keeper by. Net ien hat der earen nei om by SDS te keepen. Om my koe dizze keeper it wol dwaan(klik
hjir).

Bus sjips heechhâlde(4)
It rekord “in bus sjips heechhâlde” is allinne by de famylje Scheltema noch in wiere kompetysje. Dan hat Britt it rekord en dan Sicco wer. Juster wie it min waar en probearen sy it om ‘e beurt. Sicco hie it rekord in skoft mei 40 kear. Hy gie allinne earder op bêd as Britt. Sy hat syn rekord wer ferbettere. Earst mei 44 en letter mei 48(!!!!) kear. Gean der mar oanstean! It wurdt no moai waar en wy tinke net dat dit rekord noch ferbettere wurdt.
Probearje it sels ek ris en klik
hjir.

Nije links
Jimme freegje jimme ôf wêr as wy al dy fuotbalroddels wei hawwe. Jimme kinne se fine ûnder “Links“.

Rabje(4)
* Barros(Liverpool) stiet yn ‘e belangstelling fan Barcelona.
* Baggio, Batistuta en Zola stean yn ‘e belangstelling fan Melbourne United(?).
* Rivaldo(ex-Barcelona, ex-Milan) giet nei River Plate.
* Morientes(Real Madrid) giet heechstwierskynlik nei FC Porto. Carvalho giet fan FC Porto nei Real.