Woonvaria nije sjurtstiper SDS 4

SDS-League: ‘Kânsleas’ pakt de wykpriis!
17 december 2019
Weppers freed 20-12-1019
20 december 2019

Colors@Home, Woonvaria fan Johan en Joke Delfsma út Wommels hat SDS 4 knap yn de klean setten mei sawol harren namme op it sjurt fan SDS 4 as prachtige frije-tiidssjurts. Trije wiken werom tekenden Bauke de Boer en Johan Delfsma it kontrakt en no is der in prachtige teamfoto kommen. Dizze is makke troch de wetterdrager fan SDS 4 (en fotograaf), Gerard Slof. It liket der op of hat Woonvaria spesjaal foar dizze foto de dekoraasje ek regele.

Woonvaria is de ynterieurspesjalist foar Wommels en de wiede omjouwing. Op it bedriuwenterrein yn Wommels hawwe sy in wenwinkel mei alles wat yn jo ynterieur past. Sy jouwe derby deskundich advys, goeie service, fergees thúsadvys en noch folle mear. Op de Lange Baan 10 kinne je ynformere litte en is der romme kar yn flieren, gerdinen, raamdekoraasje en sinneskermen. Kinne je net nei de winkel komme dan wolle sy ek graach by je thús komme foar fergees advys. Woonvaria monteard en ynstalleard pvc-flieren, laminaat, tapijt, vinyl, marmoleum, binnen- en bûtenzonwering en gerdinen. Johan kin by je thús komme om de goeie maten op te nimmen.

Joke en Johan binne altiten je oanprekpunt. Sa binne je wis fan persoanlijk kontact, koarte linen, in snelle levering en snelle oplossingen! Romme keus, fakmanskap en goeie service, dat is Woonvaria, jo wenwinkel in Wommels.
Sjoch foar mear ynformaasje op Woonvaria.nl
Neist SDS stipet Woonvaria ek de KF fan Wommels en follybalferiening COVOS.


SDS 4 ferliest  woansdeitejûn fan Nijland

Jûn 5-2 ferlen fan Nijlân.. nei in goeie earste helte stoenen we yn de rust mei 1-2 foar troch goals fan Allert en Tjeerd de Vries. Helaas yn de twadde helte in hiele oare wedstryd mei in dominant Nijlân, werby sy 4 kear witte te skoaren.
Tank gjit ut nei gastspilers Marco Rijpkema, Jesse van der Weide en Tjeerd de Vries.
Ek graach kompliminten oan Wietse Vink, want eltsenien op it fjild wie it der oer iens dat hy in geweldige wedstryd stoen te keepen!