WK-weppers en sa 10-7-2026

Alvetalyndieling Jeugd SDS 2026-2027
9 juli 2026
Alvetalyndieling Jeugd SDS 2026-2027
9 juli 2026

Sjurtsjes

Habtamu de Hoop is fan doel om ynkoarten wer nei syn âlde weeshûs yn Ethiopië te gean. No liket it him leuk om foar de bern dêr wat berne-foutbalsjurts mei te nimmen. Sjurts foar bern oant en mei 12 jier sis mar. Hast wat lizzen lit it dan ús of Habtamu efkes witte. Wy sjogge no al út nei de foto út Etiopië.

Stimme op je klup

By Plantipower kinne je stimme op je klup en in topfjild en in klupfeest winne. dat moat altiten wêze. Bring hjir je stim út.

Yndielingen SDS jeugd

De kommende dagen kinne jim hjir op de webside de nije teamyndielingen fan de jeugd fine.

SDS WK-League

De earste wedstriid yn de kwartfinale levert bij in trijetal de maksimale skoare op.
Frankryk mei 2-0 winne litte en Mbappe en Dembele beide as doelpuntenmakker.
Bote,  Grietzen en Barteljaap hellen 244 punten en fansels sille dy in oantal foarbij gean.

Dizze 14 skoarden it heechst yn dizze ronde. Dêr stiet Jelte Pieter net bij…..

 

Topklasse

Jelte Pieter bliuwt noch wol oan kop  yn de finansjeel oantreklike Topklasse.
Petronella komt 50 punten tichterbij, lykas de nûmer 3 Eeltje en nû 4 FC Weghorst.
It skood wol wat hinne en wer yn de Topklasse mar it bliuwe hjoed noch de selde 10

 

KKN (Klasse krekt net)

Auke Eringa wachtet rêstich syn kâns ôf om de stap nei boppen te meitsjen.
Hij ferliest gjin punten ten opsichte fan soan Jurjen.

Tom Wijnia en Marco R binne nij yn dizze klasse

 

KOIF (Klasse op it finketou)

Haitsma77 siet miskien dochs wol in klasse te heech en sit no op it finketou.
Ek FC Kruisband hat skynber in reaksje yn syn herstel en sakket fuort

KGM (Klasse Grize Middenmoat)

Paul Reitsma gie wol lekker de lêste tiid mar mei 31 punten yn dizze ronde giet it net goed.
Bote Strikwerda (Tofting) fynt him nei de maksimale skoare samar werom yn in klasse heger.

 

KLWJN(Klasse Leger Wolle Je Net)

Leger wolle je net, mar heger wol. Daniel wol graach in grize middenmotor wurde en de earste stap mei 212 punten hat der makke

 

KKNL(Klasse Krekt Net Lêst)

FC Leiden ( Wouter Develing) makket him ek op foar in stap omheech.
Mei 152 punten siet it dizze ronde wol goed.

Pieter Bouma, Teade de Boer en Jopie Kwast binne nij yn dizze klasse.
Se komme net fan boppen mar fan ûnderen.
Ozxzy is dan wol gjin 60 mear, hij bliuwt mar 3 punten foar op nû 61 (syn leeftyd)

 

KG (Klasse Greideklanken)

Op Tsjisse nei skoart de Klasse Greideklanken gemiddeld mar at se  dat allegear dogge feroaret der frijwel neat.
Timothy kin hast om in platespiler út

 

Harsens derby (2403)

Alderaardichst!