Kompetysje yndieling SDS 1 2026-2027
10 juli 2026Twadde kwartfinale
De twadde kwartfinale wedstriid tusken Spanje en Belgie einigt yn 2-1.
De útslach goed is 180 punten en de toto goed is 120 punten
Extra punten binne der te fertsjinnen foar in doelpuntenmakker
In oanfaller 32 punten, in middenfjilder 64 punten en in ferdigener/keeper is 128 punten
Topklasse
Je sjogge oan it rjochter rychje sifers wol, dat der yn de top frijwol gelyk skoard wurdt yn dizze kwartfinale.
It farieart fan 272 oant 332 mei in útsjitter fan Grietzen Broersma.
It keningsduo Jelte-Pieter en Petronella hâldt noch frij maklik stân mar mei dizze puntentelling kin it bij in ferrassende útslach samar oars.
Jurjen Eringa meldt him ek yn de topklasse en dêr mei is hij syn heit foarbij.
KKN (Klasse krekt net)
Sven Jorn en Sipke stiene op de wip en binne no nei dizze klasse wipt.
Se hawwe like folle punten as de nû 10 mar op basis fan de regels steane sij no op plak 11
KOIF (Klasse op it finketou)
Boom United hie 2-1 sein as útslach en dat wie it. Hij giet mar leafst 12 plakjes omheech
KGM (Klasse Grize Middenmoat)
KLWJN(Klasse Leger Wolle Je Net)
Sjoerd van Beem is net allinne op wei nei it stadion mar ek nei in klasse heger. Der binne al 12 foar him oan de kant gien.
Sjoerd helle 180 punten mei de goeie útslach.
De wepmaster mei burd hat keazen foar 4 middenfjilders as doelpuntenmakkers.
Dat die no al fertuten want it doelpunt fan de Ketelaere levert 64 punten op
De grutste daler is Paul Reitsma, hij hie foar ferrassende útslagen en dat pakt ferkeard út
KKNL(Klasse Krekt Net Lêst)
KG (Klasse Greideklanken)
Ozzy en Luuk07 skoare mar 120 punten yn dizze kwartfinale en dat levert in read finkje op. Sij sakje wer.
Gelokkich dogge de wepmaster sûnder burd, Steven en Tim ek mei, sa bliuwt it fatale lêste plak noch út byld









