Weppers tiisdei 5-8
4 augustus 2014Nei de FreuleWeppers
7 augustus 2014Mei in iepen fizier binne we dit nije WK seizoen yn gien sjoen it dôchs mindere klup fuotbal. Gjin ferwachting kreëarje want dit leit faaks wat druk op ferskate spilers wat oer it algemien it spul net ten goede komt. Foargeande hat, werom sjoen op it seizoen, in poer best beslút west. Spilers kamen wer fan fier om te partisipearjen oan de twa wykse sessy’s fan it WK. Spilers fan u.o. Knickerbockers, Gronitas, Bolswardia, Cambuur, WPB en net te ferjitten SDS lieten it toernoai net oan harren foarby gean. Nei in lyts neipetear mei dizze spilers kaam alwer rap nei foaren dat der dôchs noch in stikeme winsk is nei in FC Wommels, mar dat is net in diskusje die krekt foar in nij seizoen fiert wurde moat. Ea hawwe wy ris in slogan hân yn de foarm fan “Raise the bar, close the gap”. Dit jier stie yn it teken fan “Close the gap, Close the gap”. Sa as earder naam, is dit net mei de spilers dielt. It WK Bestjoer hat, yn persoan fan it grutte ôfwêzige bestjoerslid, it fuotbal krekt folge. Wat kinne we konkludearje oan it ein fan it seizoen? “Raise the bar, Raise the bar”! Kwalitatyf barste it sterke fuotbal somtiden út syn foegen. Fox sports hat it bestjoer benadere foar eksklusive televyzje rjochten mar hjir seit it WK bestjoer pertinint “Nee” tsjin. Wy binne gjin kommersjele ynstelling en wy sille probearje dizze ferlieding sa lang mooglik te wjerstean. Al stiet der noch wol in faktuer iepen foar in sponsor op’e hesjes. Moandei 4 augustus wie it safier, it momint wer eltse spiler nei ta libbe hat; de WK finale yn de arena op’e Terp. Toiletten en de taap stienen suver klear foar it fluitsinjaal foar de ôftraap fan de WK finale. Wat foel der dizze edysje fan de finale op? – Jacob Klaas hat de “hands bal” omdoopt oant in nuttige oertrêding – Jan “Beton” Mulder – Willem W. kin better net, as tarieding op in WK finale, fergaderjen gean – Erik H. woe graach foar eigen publyk skoare.. – Kristian G. hie de bril op – Bote S. hie de bril net op.. – Bram S. kin like goed efteryn fuotbalje.. of dôchs net? – Remco B. brocht senioariteit, mar der gie it team net rapper fan fuotbaljen.. – Elger T. profilearje him as de nije Jantje V. – Eeltsje Sikke P. hie mear each foar de kratten bier as foar de bal. – Jurjen en Arjen L. de nije Frank en Ronald? – Jelmer P. hie it krûd te betiid fersketten – Jacob van W. hie it krûd te lang droech hâlden. – Gerlof H. manifestearje him as de held fan de WK finale – Hendrik E. yt wol skerp, mar dit komt net altyd op it fjild nei foaren. – Sytse H. hat de longen fan in Frysk hynder. – Ralph Worry, dont be happy. Team Hesje; Gerlof H., Hendrik E., Kristian G., Elger T., Jurjen en Arjen L., Erik H., Sytse H., en Jan M. Team Shirt; Ralph W., Jacob van W., Jelmer P., Eeltsje Sikke P., Remco B., Bote S., Jacob Ka.Ha., Bram S. en Willem W. Team Shirt kaam goed út de startblokken en pakte in 2-0 foarsprong. Team hesje werpakte harren best en bûgde de efterstân in foarsprong fan 4-3. Team Shirt makke dernei rap de 4-4 wêrnei in lange perioade oanbruts sûnder goals. Krekt foar de rêst prikte Team Hesje noch in goal deryn wat achterôf in “Game Changer” blykte te wezen. Team Shirt moast foarút fuotbalje nei de rêst en die joe counter-mooglikheden foar Team Hesje. Úteinlik waar de útslach 8-5 foar team Hesje wat betsjutte dat sei de kant útkieze mochten foar de winnende goal. It spul bleaun stean en al rap kaam de beslissing yn foarm fan in goal fan Gerlof H. Lêstneamde sil no ek metien de skuon yn’e beam hingje sjoen syn geweldige spul yn’e finale. Team Hesje mei harren it kommende jier keningen fan it Wommelser Kampioenskip neame. We kinne werom sjen op in poer best WK seizoen mei in stabile opkomst tusken de 14 en 20 man. It WK bestjoer sil der dan ek alles oan dwaan om ek folgend jier dizze line mei harren leden troch te setten. Foar no, eltse ien tige tank foar it moaie seizoen! Mei heechachting, Alg. Stat. Dir. WK Bestjoer