Weppers sneon 17-7
17 juli 2010Weppers snein 18-7
18 juli 2010
Freonen fan it Wommelser Kampioenskip,
Yn de jiersfergadering fan it WK-bestjoer waard der konkludeare dat it nivo fan it WK heger is as it foargeande jier. In trend wat wol elk jier werom komt is dat it nivo fan de spilers daalt nei mate de finale fan it WK tichterby komt. Dit resultearjend dan ek yn in finale dy ’t in leger nivo hat as de earste WK-wedstriden.
It WK-bestjoer fielde harren ferantwurdlik om hjir wat yn te betekenjen, want ek wy as WK-beweging kinne net efter bliuwe yn de professionalisering fan de maatskappij. Derom is der beslûten dat der op freed 6 augustus it earste “Wommelser Kampioenskip Bootcamp” organiseard wurde sil. It programma sil der as folcht út sjen :
17.00 uur Gearsammelje op de Terp(FIETS!)
17.05 uur Fertrek rjochting trainingscomplex
17.30 uur Ûntfangst op lokaasje
17.35 uur Útgebreide warming-up foar synergie effect/teamgeest
18.00 uur Generale partij
20.00 uur Slot en weromreis
21.00 uur In bierbeque oan it wetter fan de Terp 44
24.00 uur Sterke ferhalen en it wetternivo fan de Trekfeart omheech bringe
Om yn oanmerking te kommen foar de seleksje fan it Bootcamp kinne de minsken harren opjaan troch in mailtsje te stjoeren nei wkbestjoer@hotmail.com, dit graach foar 1 augustus 2010!
De inisjele seleksje is as folcht:
1 | Aant H. (“Laden”) | 26 | Jan Steen. |
2 | Akke Rixt S. | 27 | Jelle de J. |
3 | Anne Steen | 28 | Jelmer P. |
4 | Anne Tam. | 29 | Jelte de B. |
5 | Arjan P. | 30 | Jildert H. |
6 | Ate F. de B. | 31 | Kees A. |
7 | Ate Vellinga | 32 | Lolke H. |
8 | Bote S. | 33 | Mark P. |
9 | Bram von B. | 34 | Martin R. |
10 | Chiel H. | 35 | Pieter Greenfiets |
11 | Daan Boersma | 36 | Pieter K. |
12 | Durk D. | 37 | Ralph W.(“the Black Pearl”) |
13 | Durk Y. Sj. | 38 | Redmer S. |
14 | Eeltsje Sikke P. | 39 | Reinder H. |
15 | Erik H. | 40 | Rudy D. |
16 | Gearard P. | 41 | Sietse Kooi |
17 | Gerlof-Jan H.(“Servet”) | 42 | Sjoerd R. |
18 | Harm Strem. | 43 | Sjoerd von B. |
19 | Hendrik de J. | 44 | Sybren W. |
20 | Hendrik Eng. | 45 | Sytze H. |
21 | Henk P.(“Henkie Henkie”) | 46 | Teade J. de B. |
22 | Hjalmar R. | 47 | Willem W. |
23 | Jaap T. | 48 | Wytse L. |
24 | Jacob K(ah) | 49 | |
25 | Jacob von W. | 50 |
Minsken die tinke dat dit harren debút of rentree wêze kin meie harren úteraard ek opjaan!
Oan de hân fan it oantal opjeften sil der in ynlisbedrach berekkene wurde, mar der kin fan útgean wurde dat dit tusken de 10 en 15 euri lizze sil.
As ôfsluter wit it WK-bestjoer te melden dat it earste Bootcamp ek folop yn de oandacht is fan de media. Wat dit teweech bringe sil yn sportend Fryslân sil in grutte ferrassing wêze…….
Mei freonlike groetnis,
Alg. Stat. Dir. H.K. Engbrenghof.
en
Mr. Bac. Ing. Not. Stat. Dir. A.F. de Boer