Wêz wiis mei keunstgers

WK Finale 8 augustus 2016
15 augustus 2016
Weppers woansdei 17-8
17 augustus 2016

Keunstgersfjild klear?
It keunstgersfjild leit no, mar is noch net hielendal klear. De goals, hoekflaggen en de dug-outs komme der moarn op te stean.

Traine op keunstgers
Der mei no op it keunstgers traind wurde. Der meie ek goals op stean. Dizze steane by it B-fjild. De goals moatte al sjout wurde en dus net skeaun. Dit om slytaasje fan it fjild te foarkommen. Ek moatte se troch de stekdoar efter yn de hoeke en net oer it hek sjout wurde om te foarkommen dat it hek skeind wurdt.
Om de doelgebieden goed te hâlden is it ferstannich om losse goals te brûken en dizze b.f. 10 meter foar de goals (dy ’t der noch net binne) te setten. Der komme noch ferrydbere goals.

Traine op keunstgers
SDS 1, 2, en A1 traine jûn op keunstgers. Tongersdeis traine SDS 2 en B1 (JO-17-1) om 19.00 oere en SDS 1 en A1 (JO-19-1) om 20.00 oere.

Ûnderhâld
It keunstgers hat spesjaal ûnderhâld nedich. Dêrfoar sil in trekkerke komme om it fjild eltse wike te slepen. Moarn komt Antea om in oantal frijwilligers tips te jaan oer it ûnderhâld.

Earste bekerwedstryd
De earste bekerwedstryd op keunstgers is kommende sneon. SDS JO15-1 (foarhinne C1) bekert om 12.30 oere tsjin Blauw Wit ’34 JO15-3. SDS 2 bekert dan om 14.30 thús tsjin Leeuwarder Zwaluwen 2.

Hiele programma
It hiele programma foar de kommende wiken kinne jim fansels op ús foarside fine en foar ien kear hjir.