It kompetysjeprogramma foar SDS 1 foar it nije seizoen is bekend makke troch de KNVB. SDS 1 begjint op sneon 21 septimber mei de derby út tsjin Scharnegoutum 1. De ploech fan de âld-trainer fan SDS, Remco Bervoets. Sneon 28 […]
De KNVB hat hjoed fia Voetbal.nl de kompetysje-yndielingen fan de B-kategory bekend makke. Jim kinne se allegear fine op Voetbal.nl. De kompetysje-yndielingen fan de senioaren fan SDS hawwe wy hjir efkes op in rygje setten. Dy fan de jeugd sette […]
Ofrûne tiisdei is in grut diel fan de seleksje fan SDS 2 by-inoar kaam foar in startgearkomst foar it nije seizoen. It wie in moaie gearkomst, wêr’t fanút sawol de lieding as de spilers oanjûn is hoe ’t wy mei-inoar […]
De KNVB hat lotten foar de bekerkompetysje. SDS 1 spilet op sneon 31 augustus út tsjin NOK 1, sneon 7 septimber thús tsjin CVVO 1 en sneon 14 septimber út tsjin Bakhuizen 1. Alle wedstriden begjinne om 14.30 oere.
Komkommernijs SDS 1 begjint op sneon 3 augustus wer te trainen. Oant dy tiid ferwachtsje wy net fuotbalnijs te hawwen útsein komkommernijs. Nije hesjes Johan Delfsma hat ferline wike wat hesjes foar SDS út Grou helle. Hjir sil Erik Haitsma […]
It EK 2024 yn Dútslân sit der op en dat betsjut dat wy de einstân fan de SDS EK-League opmeitsje kinne. Noch net in makkelijk putsje, want it blykt wat yngewikkeld mei it tal giele kaarten dy’t der fallen binne. […]
Lykas mei it EK 2020 (yn 2021) binne der wer prizen foar de earste 10 yn de SDS EK-League. Prizen 1 100 2 80 3 60 4 50 5 40 6 35 7 30 8 25 9 20 10 10 […]
De trainer fan SDS 1, Douwe Posthuma, hat wer in aardich tariedingsprogramma ynelkoar draaid foar SDS 1. Sneon 3 augustus sille sy foar it earst los. De earste oefenwedstriid is op sneon 17 augustus tsjin ús freonen fan vv Nijland. […]
Nederland – Engeland 25 dielnimmers seagen Ingelân wol yn de finale kommen en pakke 100 punten. Dat dit ten koste gean moast fan Nederlân sil de measten al wat spitich fine. Redmer en Harmen baalden it meast dat Nederlân juster […]
De earste heale finale hat west. Wat docht dat mei de stân? Spanje – Frankryk 7 dielnimmers seagen Spanje wol yn de finale kommen. Aant Hofstra, Ate-Feike de Boer, Erik Haitsma, Hendrik Eringa, Redmer en Harmen, Jildert van der Werf […]