Weppers wykein 30-31 july

Weppers freed 29-7
29 juli 2011
Weppers tiisdei 2-8
1 augustus 2011

South-Park SDS’ers(24)
Wy kinne hast wol wer wat nije South-Park-SDS’ers brûke. Wolle jim ien meitsje dan kinne jim der hjir alles oer lêze.
Dizze is makke troch Janneke van den Elshout en Susan Altenburg sa út de mûle stapt.


Programma SDS 2

Wy hawwe wer efkes sels wat oan it omprutsen west en doe rolle der in wedstrydprogramma fan SDS 2 seizoen 2011-2012 út de kompjoeter. Sjoch
hjir foar it hiele programma fan de Reserve 1e Klasse A.

SDS’ers op de PC
Der steane kommende woansdei 6 SDS’ers te keatsen op de PC. Dat binne: Gerrit Flisijn, Jelte Pieter Dijkstra, Feiko Broersma, Dirk-Yde Sjaarda en Erik en Jacob-Klaas Haitsma. Spitich genôch foelen de SDS’ers Bauke Dijkstra en Redmer Strikwerda ôf foar woansdei.
Ferline jier stienen der 7 SDS’ers op de PC.

PC-kenner
Mei 6 SDS-ers op de PC is it miskien wer aardich om de titel “PC-kenner fan SDS” wer tydlik yn te stellen. Jim kinne ús trochjaan hoefolle earsten de 6 PC keatsers woansdei helje. Maile kin nei info@vv-sds.nl

Lûkt Jacob-Klaas moandei in knap lot?

Harsens derby (531)
Yossi Bennayoun makke al de moaiste goal yn de tarieding. Hy makke ek hast de ien nei moaiste goal yn de tarieding. Dit koste him in bloednoas: