Weppers moandei 7-5-2018
7 mei 2018SDS-League: ‘De 11 van Delf’ pakt de titel!
10 mei 2018SDS Vr.1 – Heerenveen Vr.2
SDS Vr.1 spilet jûn om 19.45 oere thús tsjin koprinner Heerenveen 2 mei de folgende seleksje:
Marjo, Seriette, Richtje, Hester, Janieke, Gerry-Edou, Jikke, Agnes, Geeske, Kirsten, Alissa, Tjitske, Jeska en Marije.
Sy komme 19.00 oere yn de boks.
SDS 4 ûnderút
SDS 4 ferlear juster mei 0-5 fan Scharnegoutum 3. SDS wie de earste helte seker net minder, mar ûntbruts gelok yn it meitsjen fan in goal. By de rêst wie it 0-2 en úteinlik waard it dus 0-5 al rekke SDS 4 de peal noch twa kear en de latte.
SDS 1 – Heerenveense Boys 1
Douwe Dirk Reitsma, Wouter Hylkema, Jappie Wijnia, Dirk de Jong, Jelmer Posthumus, Dirk Yde Sjaarda, Erik Haitsma en Lourens van der Pol, samar wat nammen fan SDS-ers dy’t in kear skoarden foar SDS 1 tsjin Heerenveense Boys 1. Wa’t noch mear skoarden sûnt 1984 kinne jim hjir sjen.
SDS-slotjûn
Op sneon 26 maaie is der net allinnich SDS 1 – TOP 1 mei dêrnei muzyk fan Gerrit Poortinga en in barbecue, mar ek de Champions-League-finale tusken Real Madrid en Liverpool. Dizze is dan te sjen om 20.45 oere op it grutte skerm yn de kantine. Je kinne je hjir opjaan foar de barbecue. It kostet €10,- p.p. Frijwilligers meie fergees!
En de Champion-League-finale op it grutte skerm!
Matthijs is jierdei!
Matthijs Postma is hjoed jierdei! Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhuuhuhuhhhhh!!!
Harsens derby (2022)
Toet, toet!!
This nutmeg 👌🏻
The opposition’s soul drained from his body 😱
That little dance 💃Love this! 😂😂 #SundayLeague
(🎥 John Colvin) pic.twitter.com/Y6yx1LgpQ2— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) 8 mei 2018
Letter miskien wol mear!