SDS-League: ‘De 11 van Delf’ pakt de titel!

Weppers woansdei 9-5-2018
9 mei 2018
Weppers freed 11-5-2018
11 mei 2018

It is Johan Delfsma dy ’t mei “De 11 van Delf” de titel pakt yn de SDS-League. Dit is syn 2e titel. Yn 2005 wûn hy de earste helte fan de SDS-League mei “Nieuw-Noord Ole”.

Johan mei de skaal!

Johan bliuwt de nûmer 2, “Jelsmanian Devils” fan Jan-Simon Jelsma, úteinlik mei 14 punten foar. Igor Kalinowski wurdt mei “Kali Kartel”3e op 20 punten efterstân.

“Kali kartel” dwingt 3e plakje ôf.

It is dizze wike “MarkEeltje” fan Eeltje en Marije dy ’t op ‘e nij de wykpriis pakt en dêrmei ek noch it 8e plak. Sy hawwe mei 59 punten krekt 3 mear as “De 11 van Delf”.

Bûter by de fisk!

“Schildersbedrijf Haitsma” kaam dizze wike ek krekt tekoart foar de wykpriis mei 55 punten.


“Erik hast” ynstee fan “Erik kwast…….”

It is al sneue bak foar “Pablo Rispens” fan Martijn Rispens. Wiken stie hy boppe-oan yn de SDS-League en no’t de prizen ferdield wurde eindigt hy krekt bûten de prizen as 12e.

Sneue bak……….

Underyn gie tige ferrassend Broer-Jacob Greidanus mei “Slachtepopke FC” der mei de poedelpriis fan troch wylst hy net ien kear ûnderoan stien hat.
Opfallend is ek it ien nei lêste plakje fan “DumFries”, it twadde team fan Johan Delfsma, dy’t mei syn earste team earste wurden is. Miskien wurdt it tiid dat mear lju twa teams meitsje om mear kans te meitsjen op in haadpriis……….of de poedelpriis!

Nije wike wurdt it prizenjild útkeard en it dielnamejild ind.

Oant de folgende SDS-League!!
Dat sil wol in SDS-WK-League wurde!
As jim tips hawwe lit it dan efkes witte!

SDS League 2017-2018 twadde helte wike 12 eindstand