Weppers tiisdei 7-5
6 mei 2013Blomkemerkweppers
8 mei 2013Lêste thúswedstryd
SDS 1 hat sneon syn lêste thúswedstryd fan it seizoen. Tenminste as sy de neikompetysje net mear berikke. Sy fuotbalje sneon om 14.30 tsjin Blauw-Wit ’34. Nije wike hat SDS 1 de lêste wedstryd fan it seizoen yn de Lemmer tsjin CVVO 1.
Stikje muzyk
Sawol SDS 1,2,3 en 5 spylje sneon thús. Dêrneist is it foar SDS 1 de lêste thúswedstryd en foar SDS 2 en 3 de lêste wedstryd fan it seizoen. Dat is in goeie reden foar in feestje. Der sil dan sneon ek in stikje muzyk wêze yn de kantine.
SDS A1 wint
SDS A1 hat juster mei 6-1 wûn fan Sparta ’59 A1 út Deinum. Komplimenten foar skiedsrjochter Auke Eringa dy ’t him spesjaal omklaaide doe ’t bliken die dat der gjin skiedsrjochter op kaam dagen.
SDS F1 beker
Kommende sneon mei SDS F1 op ‘e nij foar de beker. Sy fuotbalje dan út tsjin Bant om 10.30. Neffens bronnen soe SDS F1 as sy winne nei de finaledei meie.
Keunstgers?
Yn de Ljouwerter Krante fan juster stiet op side 24 in stikje oer it swimbad yn Wommels.
Yn dat selde stikje stiet ek: ‘Ook voor een extra kunstgrasveld op sportcomplex Skoalleseize in Easterein wil het college geld uittrekken. ………..’
Wie it mar safier! Yn de foarjiersnota fan de gemeente, dy’t moandeijûn yn it rûntepetear besprutsen is, stiet it folgjende:
Nieuw beleid Sportaccommodatie De Skoalleseize Easterein
Er zijn voorlopige plannen ingediend voor de uitbreiding van de accommodatie met een kunstgrasveld. De kosten voor de aanleg worden geraamd op € 484.000. De hoogte van de gemeentelijke bijdrage is afhankelijk van meer definitieve plannen en de financiële mogelijkheden van de gemeente.
Wat it college en de rie hjir meidogge is juster net dúdlik wurden! Moandei 27 maaie sil de rie hjir fierder oer prate. Dus fuotballers: it keunstgers leit der noch net!
Groetnis,
Fedde
Harsens derby(1022)
Yn it ferline hienen wy Frankie “Pico” Berghuis. Tsjintwurdich hawwe wy Mohd Badri bin Mohd Radzi :