Weppers woansdei 8-10

Weppers tiisdei 7-10
6 oktober 2008
SDS League: Lolke pakt op ‘e nij de wykpriis!
8 oktober 2008

Floris
Juster is dy wepmaster sûnder burd efkes by Floris west. 
Floris wol ús by dizzen allegear efkes witte dat it best mei him giet. Hy is tige wiis mei alle kaartsjes dy ’t hy krigen hat en fansels de grutte fruitmand fan WPB.
Floris moat fan ‘e wike noch allerhande ûndersiken ûndergean en giet tiisdei nei Amsterdam foar in ûndersyk.
Floris hopet der sneon 18 oktober wer by wêze te kinnen as WPB 1 – SDS 1 alwer op it programma stiet. Floris as taskôger wol te ferstean en oars kin hy it miskien krekt fanút it sikenhûs heare. 
Floris is ek tige wiis mei al de besite dy ’t der krijt, mar jout wol oan dat it no wol efkes iets minder kin.
Mochten jim Floris ris besykje wolle skilje him dan earst efkes. Syn nûmer is: 0515-488682.
Mei de groeten fan Floris.

Betterskip!
He Floris,
Wij winskje dy en dyn famylje folle sterkte en betterskip. Wy hoopje dy gau wer te sjen.
Groetnis, spilers en begelieding twadde alfetal.
 
Oefene
Juster hat SDS 2 oefene tsjin Balk 2. Hjir it ferslach fan Klaas Okkema:
Juster hat it twadde mei 7-2 oan de kont krigen.
Mooi dat elsenien efkes balje koe. De goals binne makke troch Gerrit en Hjalmar
.

Stil
Ek wij binne noch altiten stil en ferslein troch it ferstjerren fan de 20 jierrige fuotballer Frank Voshol fan Bolswardia.
Noch stiller wurde bij it lêzen fan dit yndrukwekkende gedicht
dat syn fuotbalmaten foar him skreaun hawwe.

Opfolger
Eddy de Boer wie altiten in superspits. No net mear. Hij is no in superlieder. Bij SDS 5. Hij “ferjit” no faak sneons syn tas, om mar net mear mei te dwaan. Wol spitich. Mar hij syn opfolger yn de hûs. Soan Rients pikt de lêste tiid wol gauris in doelpunt mei bij de E-tsjes. ús stelling is dêrom ek: Soan Rients skoart dit jier mear as heit Eddy.

Net ien mar twa

At it in goeie saak is dat in SDS-er (Tjeerd) yn it haadbestjoer fan de KNKB kommen is, is fansels de fraach. Dat er noch in (âld) SDS-er yn it haadbestjoer kommen is, is wol opfallend. Hij hat yn alle gefallen yn it begjin fan de jierren 80 bij SDS fuotballe.

SDS League
Jûn hjir de aldernijste st6an fan de SDS League.

Vonk nei Ajax
Hans Vonk is sûnt moandei by Ajax oannommen as reservekeeper. Oplettende Amsterdammers wisten foarige wike al dat Vonk oannommen waard doe ’t sy dizze frachtauto by de Arena stean seagen: