Weppers tiisdei 5-7
4 juli 2011Weppers tongersdei 7-7
7 juli 2011South-Park SDS’ers(3)
Kinne jim ek noch wat South-Park SDS-popkes foar ús meitsje? Hjir kinne jim der alles oer lêze.
Igor Kalinowski tovere foar ús de échte Jan Mulder fan Waaksens út de grutte hoed:
Kompetysje-yndieling SDS DA1 en DA2
Nei de kompetysje-yndielingen fan de standaardteams by de mannen is it no de beurt oan de froulju. It earste wat opfalt is dat SDS DA1 en DA2 net byinoar yn de kompetysje sitte. De yndieling foar DA1 sjocht der sa út:
Oudehaske DA1 Oosterlittens DA1 SC Joure DA1 VVI DA1 Lemmer DA1 CVVO DA1 Sleat DA1 Oudega DA1 Heeg/IJVC DA1 Hielpen DA1 SDS DA1 Mulier DA1
Foar DA2 sjocht de yndieling der sa út:
SDS DA2 Mulier DA2 Makkum DA1 SC Franeker DA2 Tzum DA1 Arum DA1 SC Berlikum DA1 Minnertsga DA1 Dronryp DA1 Foarút DA1 St. Annaparochie DA2 Zeerobben DA1
Nije reglementen
Fansels jilde der by de KNVB yn it seizoen 2011-2012 ek wer nije reglementen. Jim kinne se hjir trochlêze. Mocht der wat feroare wêze dan melde jim it mar efkes.
Transfernijs(11)
Der sille noch wol hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-Cruijff it wol wer besjoen hat by Ajax
-Vennegoor meitraint by FC Twente
-Immers syn earrebarre útfleane litte wol…..
-FC Twente Fer wol hawwe wol, mar dan moat Feyenoord al sakje yn de priis
-AZ en FC Utrecht efter Amoah oan sitte
-Inter de opfolger fan Sneijder hast binnen hat
-Stekelenburg miskien wol nei Real Madrid giet
Op reis
Silvia Hania is sûnt dit wykein op reis nei Ethiopie. Sij lit de wrâld fia Twitter witte wat se erfaart. Tige nijsgjirrich.
De famylje Hania/Blanksma hawwe der noaskes foar om op it goeie momint mei in bekend immen op de foto te gean. Sa hawwe wij al ris foto’s hân fan Jan Rinse mei Boogerd, mei Been, mei Frank de Boer.
En no lit Silvia har ynformeare oer in goed draafskema foar de Slachte fan 2012.
2e priis
Eins telt it fansels net in 2e priis, mar wy wolle dochs noch efkes fermelde dat de SDS’ers Sipke Hiemstra, Douwe-Dirk Reitsma en SDS-sponser Anne Bakker ôfrûne wykein de 2e priis helle hawwe op it NK keatsen foar 50+’ers.
Wat is dy koach noch mar in broekje…………
Swimme
Foar wa ’t syn kondysje wat op peil hâlde wol dizze simmer sûnder it fuotbaljen is it miskien in idee om ris te swimmen. As je hjir oan meidogge binne je lyk foar in skoftke klear en it is ek noch foar in goed doel.
Harsens derby (511)
Lykas foar de keeper is it efkes sykjen om de bal: