Weppers woansdei 4-4

Weppers tiisdei 3-4
2 april 2012
Weppers tongersdei 5-4
4 april 2012

Jorrit
Jorrit Engelsma hat hjoed syn jierdei en hij wurdt 10 jier. Fan herte lokwinske.

SDS-klean bestelle
Op 1-5-2012 sil SDS wer klean by MUTA bestelle foar it nije seizoen. Lytse maten, grutte maten, ensfh.
Dus wa ’t noch iets bestelle wol kin dit fia de webside dwaan of efkes skilje mei 332500. Miskien ha ik it op foarrie.
Tassen en rêchsekken binne op foarrie!!
Groetnis
DDR

SDS E2 jûn nei Snits
SDS E2 mei jûn fuotbalje. Sy moatte om 18.30 yn Snits fuotbalje tsjin Sneek WZ E9. Súkses!

Útslaggen 2e-Klasse
Inkelde konkurrinten fan SDS 1 moasten justerjûn ynhelje. De útslaggen wienen foar SDS net ûnguenstich:
Sc Berlikum – Broekster Boys 0-2
’t Fean ’58 – ONR 0-3
Minnertsga – SC Veenwouden 0-1

Skiedsrjochter socht(1)
SDS DA1 moat sneon om 14.30 fuotbalje tsjin SC Joure DA1. André Vink siket foar dizze wedstryd noch in skiedsrjochter. Wa kin mei maile mei André.

Skiedsrjochter socht(2)
SDS F5 moat sneon om 11.15 fuotbalje tsjin VV Oosterlittens F4. André Vink siket ek foar dizze wedstryd noch in skiedsrjochter. Wa kin mei maile mei André.

Útslach kaarten
Wy krije fan Anny Sjaarda noch in útslach fan it klaverjassen fan ferline wike tongersdei:
1ste Feike Jorritsma mei 5374 pnt.
2de Ype Tiemersma mei 5327 pnt.
3de Tinus Hoekstra mei 4979 pnt.

SDS League
Moarn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League wer ferwachtsje.

Nei de bekerfinale!
Hie SC Heerenveens no yn de bekerfinale sitten dan hienen der kommende snein fêst in bult SDS’ers nei de Kuip gien. No stiet PSV yn de finale en sille it der hiel wat minder wêze. Arjen Los sil snein al nei de Kuip. Wy nimme oan dat hy foar Heracles juige sil.

Op de fyts?
It waar foar kommende sneon liket noch net sa hiel moai. SDS 2 mei dan út fuotbalje tsjin Harkemase Boys. It waar makket Bram neat út. Hy giet sawiesa “
op de fyts nei De Harkema“.

Harsens derby (727)
Miskien kinne de keepers de folgende kear better wat tichter byinoar stean: