Weppers tiisdei 3-4

Weppers moandei 2-4
2 april 2012
Weppers woansdei 4-4
3 april 2012

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Moarntejûn wurdt der wer fuotballe yn Easterein. De sealfuotballers fan SDS 1 fuotbalje moarntejûn om 20.30 tsjin it altiten lestige Blauw-Wit ’34 11.

Supporters yn de sânbak

De tegels derút, it makke de supporters fan SDS 2 allegear neat út sneon. Op it plak êr’t it terras komme sil  hiene sij harren plakje. Yn de lijte en de sinne wie it noch net iens sa kâld dêr.

SDS 65 jier!
Noch 129 dagen en dan bestiet SDS 65 jier. Op freed 10 augustus sil der dan ek fan alles te dwaan wêze rûn de fuotbalkantine.

1 april!
Op de webside fan ONT hienen sy in alderaardichste 1 ap(p)rilgrap. Mar leafst 147 minsken trapen deryn. Allegear ONT’ers…….

Jierdeis juster
Juster wie jierdei Tjalle van der Eems, hij is 8 jier wurden. Ek Jelle de Vries hat juster fêste in feessie hân, want hij is 17 wurden. Beide fan herte lokwinske.

Jierdei hjoed
Remon Bouma is hjoed 15 wurden. Fan herte lokwinske.

Harsens derby (726)
Barcelona moat jûn noch flink oan de bak tsjin AC Milan om de folgende ronde te heljen. Ibrahimovic hat der no al nocht yn: