Weppers woansdei 4-3

Weppers tiisdei 3-3
2 maart 2015
Weppers tongersdei 5-3
4 maart 2015

Traine
Voor de kleedboxen kan niet getraind worden.
Achter de sporthal wel, of op het MFT.
Oetze

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS spylje jûn om 19.00 oere yn Snits tsjin SWZ BOSO Sneek 4.

In soan!
Gerrit en Geartsje Flisijn hawwe in lyts jonkje krigen! En sy neame him Fender. Fan herte lokwinske!

Keunstgersgearkomst
De lju fan de keunstgerskommisje komme moarntejûn wer byinoar om ien en oar te besprekken.

Foto’s SDS 1 – Workum 1
Henk Bootsma hat ôfrûne sneon wer bulten foto’s makke by de wedstryd SDS 1 – Workum 1. Jim kinne al syn plaatsjes
hjir besjen.

Bliid!
Net allinnich SDS 1 wie wiis mei de 3 punten fan SDS 1 tsjin Workum. Ek by vv Nijland wienen sy der tige bliid mei. Sy brochten as “preemje” noch efkes 3 kratsjes bier lâns sneontemiddei. Tige by tige!
Wa ’t sneon 3 kratsjes leverje wol foar winst fan SDS 1 op Delfstrahúzen 1 kin him melde by de wepmasters.


SDS League
Moarn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League wer ferwachtsje.

Harsens derby (1446)
Mochten sy foar it Iepenloftspul yn Jorwert noch spilers brûke kinne dan is dit miskien in opsje:



Letter mear!