Weppers woansdei 4-2

Betink in ûnderskrift!
3 februari 2009
Weppers tongersdei 5-2
4 februari 2009

Berjocht fan Dick

Hjoed koe der net op e  fjilden yn Easterein en yn Snits (snie op t fjild) treent wurde.

Wy kinne moarn (tongersdei) om 20.00 oere yn Snits terochte.
We fertrekke om 19.30 ut Easterein.

Mochten we net op keunstgers trene kinne (dat hear ik uterlik 16.15 oere) dan sille we wat op e fjilden yn Easterein utfine moatte.
Haw dus de site efkes yn e gaten.

Groetnis
Dick

Berjocht fan Lody

Woansdei 4 febrewaris 2009:

B-junioaren: training ôflast!

A-junioaren: sealtrainen 21.30-22.30, allegear euro 1,00 meinimme!!

Groetnis,

Klaas

Sealtraine
De SDS-froulju traine jûn yn de seal fan 20.30 – 21.30. Eltsenien moat efkes €1,- meinimme.

Ôflast
Na overleg met Andre Vink is besloten de training van de toppers van SDS E! af te lasten

Groet
Remco

Ferlern
SDS 1 hat justerjûn de oefenwedstryd tsjin VV Sneek/Wit-Zwart 2 ferlern mei 4-3. SDS stie by de rêst mei 2-1 foar, mar nei de 3-1 wie it dien mei SDS. Of sa ’t in taskôger sei. “Nei de 3-1 wie de ferdediging in gâtsjepanne”.
Hjir it skoreferrin:
1-0
1-1 Skelte Anema
1-2 Tsjipke Klaas Okkema
Rust
1-3 Tsjalling Sikma
2-3, 3-3, 4-3

Traine of oefenje
Moarn sil SDS 2 oefenje tsjin WPB 2 yn Snits of traine op harren kuenstgersfjild. Sy fertrekke om 17.45 út Easterein. De wedstryd begjint dan om ûngefear 18.30.

Jierdei
Al jierren hawwe wij omstreeks dizze tiid it selde berjocht. Jacob Plantinga is 1 febrewaris noch mar 47 jier wurden en Stoffel Bouma is op 3 febrewaris al 48 jier wurden. Beide fan herte lokwinske!

SDS League
De transferperiode yn de Eredivisie sit derop en it formulier foar de SDS League is oanpast tot op de lêste transfer. Meitsje gau in nij team, want wy wolle namelijk graach kommende sneon 7 febrewaris wer begjinne. It formulier moat dan dus ek ynlevere wêze. Klik hjir foar de nijste spilerslist. Hjir kinne jim alles oer de SDS League lêze.

Ajax (1)
`Och, it is mar
in spultsje`

Ajax (2)
No efkes in filmke om de Ajax-supporters in hert ûnder de rym te stekken: