Weppers tongersdei 5-2

Weppers woansdei 4-2
3 februari 2009
Weppers freed 6-2
5 februari 2009

SDS 4 5 6
Sipke hat efkes op it fjild west om te sjen at der traind wurde kin. It wie hurd, it wie wiet en it wie noch nea sa min west. Hij is der op eigen krêft wer útkommen en konstatearde dat der net traind wurde kin.
 
Net oefenje, net op kuenstgers, net traine mar……
Der kin jûn net traint wurde yn Snits op kuenstgers, net oefene yn Snits en ek net traint yn Easterein. Dus moat der wat oars barre.
It is no de bedoeling dat sawol de A-,B- as C-seleksje jûn om 19.30 yn de kantine komme. Sy kinne dan earst harren team foar de SDS League ynfulle(nim efkes in pen mei) en dernei efkes kaarte of mei it fuotbalspul boartsje. Wa ’t oars noch leuke spultsjes wit mei dy meinimme.
Groeten,
Dick, Klaas en Jan.


Net traine
De training van SDS D2 gaat vandaag (donderdag) niet door. 
Boudewijn Kramer

Ôflast
De training fan SDS C1 giet jûn net troch.
Dirk

Ek ôflast

Hallo mannen van de site, 

Na overleg met mijn plaatselijke correspondent heb ik besloten dat het veld te slecht is om vanavond te trainen. C2 heeft vanavond dus GEEN training.
Met vriendelijke groet,

Geert Dijkstra

Ek alwer ôflast
Trainen D1 giet ek net troch helaas.
Tsjipke Okkema


In ! of in 1
Op it toetsenboerd stiet lofts in toets mei dêrop in ! en 1. It kin soms fertizend wurkje at je de ! yntype ynstee fan de 1.
Wij krigen it ûndersteande berjocht fan OB Zijlstra, lieder fan E4.
Om ongeveer half 6 op 4 februari 2009 verscheen het bericht op de website dat de training van de toppers van SDS E! niet door ging.(Heb met Andre Vink gebeld en hij zei dat het om alle E-teams ging.)
Ik  en een aantal spelers lazen dit bericht en ik heb een aantal spelers van ons team afgebeld.
Ook heb ik met  Aant de trainer gebeld met de mededeling dat de training niet door ging.
Deze wist nergens van, en zei als het even kan wij wel gaan trainen, dus het bleek alleen te gaan om SDS E1.
Kan dit in het vervolg duidelijker op de site komen te staan om wat voor team het gaat? Want niet iedereen kent Remco.
Groet OB Zijlstra, leider E4
Neiskrift redaksje: It berjocht is pleatst sa’t it binnen kaam, sûnder te beseffen dat it fragen oproppe soe.
It docht gewoan bliken dat net dúdlik is wa’t oer it ôflassen giet. Is dat de trainer of is dat André. De lieders en trainers fan E4 binne yn alle gefallen net belle dat it trainen net troch gean koe.

Oefenwedstriden
SDS 1 hat al hiel wat oefenwedstriden hân nei en yn de winterstop. Ús ferslachjouwer, Siem Sikma, hat alle oefenwedstriden sjoen en der in gearfetting fan makke(klik
hjir).

Olde Veste kampioen?
Foarige wike stie der yn de VI in ynterview mei in spiler fan Olde Veste. As je it stik lêze dan wurdt dúdlik dat der neffens dy spiler yn de 2e-Klasse J mar ien ploech dy ’t kampioen wurde kin en dat is Olde Veste. De wepmaster fan VV Nijland, Jappie de Boer, hat de muoite nommen om it stik efkes op de side te setten. Sjoch
hjir foar de link.

Poeisz-jeugdsponseraksje

Fanôf 2 febrewaris oant ‘e mei 28 maert kinne der wer sponsormunten garre wurde foar SDS.  By elke € 10.00 oan boadskippen en bij 80 sponsorpordukten ûnfange jo een gratisjeugdsponsormunt. Stopje dizze munt yn de koker fan SDS. Hoe meer jeugdsponsormunten wy sammelje, hoe heger it sponsorbedrag wurde sil. De munten kinne ynleverje wurde by Poiesz yn Skearnegoutum, dêr stiet ús koker. Doch allegear mei en dan sille we sjen hoe’t SDS scoort.
De Jeugdkommisje

SDS League
De transferperiode yn de Eredivisie sit derop en it formulier foar de SDS League is oanpast tot op de lêste transfer. Meitsje gau in nij team, want wy wolle namelijk graach op op sneon 7 febrewaris wer begjinne. It formulier moat dan dus ek ynlevere wêze. Klik hjir foar de nijste spilerslist. Hjir kinne jim alles oer de SDS League lêze.

Kursus Schwalbes
Mocht it trainingsfjild jûn net goed genôch wêze om op te fuotbaljen dan kinne der altiten noch schwalbes op oefene wurde. Hjir alfêst de LOI-kursus om thús te oefenjen:



Letter mear!