Weppers tongersdei 6-11

Weppers woansdei 4-11
4 november 2009
Seleksjes sneon 7-11
6 november 2009

De earste oefenwedstryd
Dat fine wij no super. De jongste famkes hiene juster harren earste echte oefenwedstryd. En wij hiene twa oeren nei ôfrin fan de wedstryd it ferslach al binne. Super Dagmar!!
Vandaag, 4 Nov. om 17:45 stonden de meiden van het binnenkort komende Famkesteam al klaar voor hun eerste echte oefenwedstrijd tegen de Waterpoort Boys. Toen we daar aan kwamen, begonnen we natuurlijk met een warming-up en daarna volgde al snel de wedstrijd. Gelijk in het begin zetten we al veel druk en ging het hartstikke goed. Helaas braken de WPB-spelers een paar keer door, en daar vielen dan ook de goals uit. Ruststand 2-0. De tweede helft werd er druk door de WPB-spelers gezet, en daar vielen nog meer goals uit. Maar niet alleen dat, ze begonnen ook veel ruiger te spelen. Een paar keer hadden onze verdedigers Jitske, Dagmar, Jildou en onze keepster Alice wat hele mooie reddingen waar goals uit konden vallen. Onze aanval Ilse, Maricela, Janieke en Sanne-Rixt hadden een paar hele mooie kansen, maar die gingen helaas over of naast. Helaas was WPB toch sterker, en verloren we met 5-0. Ondanks dat hebben we goed gespeeld voor onze eerste oefenpartij tegen een team dat al langer speelt.
Dagmar Tjalsma

SDS 1 seal ûnderút
De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe juster (yn de lêste sekonde) mei 5-4 ferlern fan Urk. It wol SDS 1 mar net slagje om yn útwedstriden punten te pakken. Thús hawwe sy noch net ferlern, mar út noch net in punt pakt. Dit wie it skoreferrin:
1-0
1-1 Freek
2-1
2-2 Jildert
rust.
3-2
4-2
4-3 Feite
4-4 pen. Feite
5-4

SDS seal 2 ek ûnderút
It 2e sealteam fan SDS hat juster thús mei 7-3 ferlern fan Blauw-Wit ’34 7. De doelpuntenmakkers foar SDS wienen: Jacob Oostra, Klaas van de Weg en Andre Bons.

Toernoai E- en F-pupillen
CSC út Stiens organisearet op sneon 5 juny in fuotbaltoernoai foar E- en F-pupillen. Jim kinne der hjir alles oer lêze. Leiders fan SDS E- of F-pupillen kinne harren ploeg opjaan as sy dat wolle. Dit moat al foar 15 desimber barre.

Pupillen fan de wike
Henk Bootsma makket sneons meast in foto fan de pupillen fan de wike mei ian fan de SDS 1 spilers.

Skelte Anema mei de iene pupil fan de wike…..

…….en Dirk Yde Sjaarda mei de oare.

Strate
Feike Jorritsma sjocht it hielendal sitten sneon. Ien fan de seniorenalvetallen giet net troch en dan……

Kommende sneon sil der wer staten wurde op sportpark Skoalleseize.
As it mei it fuotbaljen giet lykas de leste wiken dan binne der fêst teams frij.
Teams dy net hoege te fuotbaljen wurde om 7.30 verwachte om in handsje te helpen.( it 5e miskien ??)
Wat moatte jo oarst de hiele dei ???
Sa kinne jo thus dochs noch sizze dat je nei easterein moatte om te …………. en dernei it oangename mei it nuttige te ferienigjen.

Lotte
Nei oanlieding fan it boppesteande stikje hawwe de lieders bij SDS 5 gelyk aksje ûndernaam. Der is lotte wa’t him sneontemoarn betiid meldt: It is Klaas Klinker wurden.

Jonge held
De Junior Heroes fan SC Hearrenfean wurde sa no en dan ris útnoege om wat leuks te dwaan. Jûn mei bijgelyks Inne Heerma (E1) ien fan de spilers nei it fjild bringe. Wij gokke op Popov. Sjen dus nei Ere Divisie
live.

Frjemde-Fûgel-kwis
By de VI hawwe sy dizze wike wer in alderaardichste kwis op de webside. Klik hjir om him te dwaan. Wy binne benijd hoefolle as jim witte.

Harsens derby (81)
Dit fûnen wy wol in knappe aksje fan Wayne Rooney. Miskien in ideetsje om yn gearwurking mei de haadsponser, Wheagan, de sealfuotballers fan SDS 1 sa ris traine te litten?