De SDS EK-League!
30 mei 2012Weppers tongersdei 31-5
30 mei 2012Makkum 1 – SDS 1
De lêste neikompetysjewedstryd tusken Makkum 1 en SDS 1 is fersetten fan sneon nei freedtejûn om 20.00.
SDS 1
Tongersdei om 19.00 oere efkes koart traine as tarieding op de wedstriid fan freed. Wolle alle blessearde spilers harren melde by Dooitze?
Gr.
Marco
Slotjûn
Ferline freed wie der in slotjûn foar de jeugd.
Sjoch hjir foar in kreas ferslach mei foto’s.
Gearkomst jeugdlieders-trainers
Jûn om 19.30 is der in gearkomst foar jeugdlieders en trainers. Der wurdt weromsjoen.
Lêste wedstriden
Foar safier wij sjen kinne steane der dizze wike noch in pear wedstriden op it programma.
30-5 SDS Da 1- CVVO Da1 19.00
30-5 SDS MD1 – DTD MD1 19.00
30-5 JV Bolsward D4 – SDS D3 19.00
2-6 RES E3 – SDS E2 09.00
2-6 Makkum 1 – SDS 1 15.00
SDS EK-League
De earste 17 oanmeldingen foar de EK pool fan SDS binne binnen, mar dat is noch neat. Us rie is lûk efkes in kertierke út om him yn te fullen. Jim kinne hjir sjen wêr’t jim dat dwaan kinne en hoe.
Paskes ynleverje
Strafskoppen
Arjen Robben hat der grutte muoite mei strafskoppen op ’t heden, mar dizze trije jonges net. Sij wiene de winners op de slotjûn.
![](https://vv-sds.nl/fotoalbum/penaltynimme2012.jpg)
Robin van der Weg, Sietze Marten Stoffelsma en Ruben Sijbesma.
Pupillen fan de wike
De lêste pupillen fan de wike fan dit seizoen
Mark Klijnsma mei doelman Jaap Toering
Steven van der Pol en mei spits Jacob van Wieren.
Fyts fuort
Freedtejun (mei ‘Kom nei Wommels’) is myn fyts meinaam troch immen wa ’t ik net bin! Asto dizze fyts sjoen of meinommen hast, wolst dan efkes skilje op 0643834940 of dizze wer efkes bij de Jimbar foar sette wolle, sadat ik kommend seizoen net nei training en wedstriden hoef te rinnen…………
Hjirûnder in compositietekening fan de fiets.
Groetnis,
Sytse Hibma
Harsens derby (772)
Jaap Toering kin moarntejûn noch moai efkes oefenje op syn nije manier fan útsmiten: