Weppers tiisdei 28-10
27 oktober 2008SDS League: Dooitze yn de prizen!
29 oktober 2008Giet net troch
De training foar de SDS-froulju giet jûn net troch.
40 jier!
Leider fan SDS 1, Rene Zijlstra, is hjoed 40 jier wurden. Fan herte lokwinske! Klik hjir om him ek lok te winskjen.
Dit stie hjoed by Rene en Tsjitske yn de tún…..
Adreswiziging
Graach adreswizigingen sa gau mooglik trochjaan oan Koos Plantinga (klik hjir). Oars kin it wêze dat je yn de takomst b.f. in kear in Treffer misse.
Yn de seal
SDS 2 traint jûn yn de seal yn Easterein fan 20.30 oan ’t 21.30.
Training A-junioaren
Woansdei 29 oktober begjint de training om 19.00 oere!
Klaas
Ferslach SDS 3
Sjoerd van Beem docht ús elke wike trouw ferslach fan it wel en wee fan SDS 3. Spitich genôch mear wee as wel op it heden(sjoch hjir).
SDS League
Jûn foardat SC Heerenveen – Vitesse begjint stiet de nije stân hjir op de webside.
Net fier fuort?
Sa ’t it no liket bliuwt de A-seleksje mei harren útsje moai ticht by hûs:
Spilers en Staf A-seleksje
Sa as it no liket wurdt it op in kratsje bier sitte yn de jachthaven. Der binne noch net folle dy ’t ta de beurs wist binne mar der kin noch steeds jild oermakke wurde op rekkeningnummer 1435.96.225
Groetnis,
Marten
André Bons altiten skerp?
Neist it altiten skerp stean en regelmatig scoren hat André Bons mear kwaliteiten. Nei in gemiste kans yn de wedstriid sneon tsjin SDS 4, trouwens knap pakt troch de keeper, rûn dizze matador richting de hoek fan it fjild (B-Fjild). Nei de ûtworp fan de keeper stie hy noch steeds yn de hoeke fan it fjild, wêrop de keeper nei him ta ropte dat der alwer foutballle waard. André trok him hjir net folle fan oan en rûn it fjild út en ynspektearde it dêrsteande túnmeubilair. Omdat dit toch net hielendal de normale gang fan saken wie, is der nei de wedstryd efkes neifraach dien yn de kantine nei wat hy dêr no eigenlijk die: “Je moet altijd je ogen open houden want je weet nooit waneer je tegen een mooi koopje kan aanlopen”
Tsja…sa hiene wij it nog net besjoen.
Hendrik Engbrenghof
Wol traine
It trainen koe juster al wer net troch gean. Der wiene in pear dy’t it dochs diene. Sij seagen der nei ôfrin as bargen út.
Soe it sa wêze….
Trond Sollied hâldt ek de webside fan SDS by en liket hjir ek nei te handeljen. Althans foar in part(klik hjir).
Ballboy
By Tottenham Hotspur falt der dit seizoen noch net folle te juichen. Of it moat al om de ballenjongen wêze: