SDS League: Dooitze yn de prizen!

Weppers woansdei 29-10
29 oktober 2008
Weppers tongersdei
30 oktober 2008

It is fan ‘e wike Dooitze Nauta dy ’t mei syn team sûnder ek mar in bytsje konkurrinsje de wykpriis pakt. Mei “Altyd Boppe-oan” prestearde hy oan ’t dit wykein wat wikselfallich, mar sy hawwe no dúdlik gang nei boppe wer ynset. Sy hienen mar leafst 62 punten. Dit binne 6 punten mear as Paul Reitsma dy ’t mei “FC Trochpakke” de wykpriis “krekt net” pakt.

“De Tsjippendails” fan Tsjipke Okkema sprokkelje wer aardich wat punten byelkoar fan ‘e wike. Mei mar leafst 54 punten geane sy fan 17 nei 8.

In flinke kater fan ‘e wike foar “Team Pussy” fan Tsjalling Sikma. Sy pakten mar 22 punten en steane ynmiddels noch mar 76e.

It “30-Plusteam” fan Aant Hofstra is hast wolris oan ferjonging ta liket ús. Sy binne de grutte ferliezer fan dizze wike mei mar 8 punten.

“Sa sawat” fan Klaas Pompstra stiet lêst, mar kin de nûmer ien nei lêst sawat ynhelje.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 4.