Weppers woansdei 28-9

Trainingsskema
27 september 2016
SDS-League: ‘Frysk bloed tsjoch op!’
29 september 2016

Moaie reklamebuorden

Begjin dizze wike binne de earste reklamebuorden rûn it nije keunstegersfjild kommen. It is in strieling foar it each!
Fansels hienen wy hjir wol efkes in foto delsette kinnen, mar wy fine it folle moaier dat jim hjoed of moarn efkes by in training sjen komme.
Noch net alle reklambeourden hingje, want alle âlde reklamebuorden dy ’t net fan trespa wienen wurde ferfongen.

Net oer it stek

Fansels is it hiel ferleidelijk om fanút de kantine efkes oer it stek it keunstgersfjild op te stappen, mar dit is eins net de bedoeling. Der komt noch in opstapke foar skiedsrjochters om al makkelijk oer it stek te kinnen, mar sa lang as dit der noch net is, moat eltsenien omrinne.

oeritstekje  Sels ús beste skiedsrjochters.

Net folle trainen op 5 oktober

Y.f.m. mei de offisjele iepening fan it keunstgersfjild op woansdei  5 oktober kin der dan nei 17.00 oere net mear traind wurde kin op it keunstgers. De boksen kinne de hiele dei, dus ek middeis by de ‘F’kes’, net brûkt wurde. Rekkenje mar dat it foar in goed doel is; de iepening!!

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn

Om it waar hoef je noch net nei binnen, mar by inkelden begjint it fansels alwer te kribeljen; it sealfuotbal! Jûn meie de sealfuotballers it om 20.30 oere thús opnimme tsjin Woudsend 1.

LSC JO15-2 – SDS JO15-1 : 0 – 12

Samar trije punten yn mindering krigen omdat we forige wike de wedstriid fersette woene. Blykbar mei dat dus hielendal net. Mar dit wisten wy net en seagen dit in pear dagen letter op voetbal.nl. En sa steane we dan, mei al us goeie bedoelingen, samar op -2 punten. Dan kinne je dus mar 1 ding dwaan en dat is winne. Fuort fanof de oftraap wie der gjin diskusje mogelik. Under lieding fan de prima fluitsjende skiedsjochter gie SDS fuort yn e oanfal. It dourre mar leafst 50 sekonden foardat de doelpuntenmachine op gong kaam. Stan hie de turbo derop en skoarde yn 15 minuten 4x. Foar rest skoarde Tjitse ek noch in kear, sadat der mei de rest 0 – 5 op it skoareboerd stie. Stan wie fan miening dat nei 50 sekonden skoare best wol lang duorret. Derom skeat hy nei 20 sekonden yn de twadde helte de 0 – 6 binnen. Tjerk de 0 – 7, Stan de 0 – 8, Tjerk de 0 – 9, Stan de 0 – 10, Tjitse de 0 – 11 en Stan de 0 -12. Michael soe noch efkes in foto meitsje fan it skoareboerd, mar die koe dizze utslach net oan en dr kaam sels al wat reek ut. Einliks in wedstriid wer we neat oan ha en guon sil tinke it wie it hiele matige tsjinstander. Dat wie it miskien ek wol, mar je kinne it ek omdraaie. SDS spyle goed en oanfallend fuotbal en gie troch tot it leste fluitsignaal. En dat is eins ek wol in kompliment wurdich. Nei sa’n nuvere wike lekker wol de trije punten pakke, boppedat ek noch goed foar it doelsaldo. Sa steane we nei trije prima wedstriiden no wer op 1 punt. Nye wike oare koek, we spylje dan ut tsjin de koprinner Stiens.
Theo.

Snelle goal (2)

Snein melden wy dat Jorrit Veldman miskien wol de snelste goal ea fan SDS makke hie. Mooglik is it wol de snelste goal ea op it B-fjild, mar op it haadfjild waarde der ferline jier al nei 9 sekonden in goal makke. Wa ’t dat wie witte wy sa net mear 😉

‘Lytse G-korner?’

Op it trainen fan SDS 2 wie der juster in spiler hast fan doel om in koarte korner te nimmen. Ien fan syn meispilers wie it dêr net mei iens. ‘Net sa ’n koarte G-korner, #*!#$!’
Hy hie hielendal gelyk, want de bal kaam heech foar en it waard lyk gefaarlijk. Hy skeat de bal lyk knalhurd op de peal!

De nije SDS-League

De nije stân fan de SDS-League is noch net hielendal klear, mar de ferwachting is wol dat der moarntejûn yn de kantine leit. Der dogge 60 lju mei en dat is foar in earste helte fan it seizoen hielendal net sa gek. Dêrneist binne der 11 ferskillende keepers, 44 ferdedigers, 32 middenfjilders en 22 oanfallers opsteld. Rekkenje mar út hoefolle ferskillende teams je dêr fan meitsje kinne 😉

Teambuilding

Gjin bettere teambuilding dan mei it hiele team spaghetti ite! Sjoch hjir! Dielde smart is heale smart moatte je mar rekkenje………

Nijs?

Mail it nei info@vv-sds.nl!
It oare mailadres is efkes op skoalkamp.

Harsens derby (1765)

Hatsikidee!

Letter miskien noch wol mear!