Weppers woansdei 28-11

SDS League: Op ‘e nij 2 wykprizen!
27 november 2012
Weppers tongersdei 29-11
28 november 2012

Seal
Wij hawwe begrepen dat Seal 1 hjoed thús spilet om 20.30 oere tsjin GAVC 2. Wij binne bliid mei it foarútsjoch dat se de einstân woansdeitejûn gelyk trochjouwe, ek at se ferlieze.
Harm-Auke Dijkstra sil de wedstryd fluitsje.

Dooitze net, mar Ant
Dooitze lit witte dat hy der moarntejûn net is om te striken. Ant nettsjinsteande komt wol.

Bony
In leuk spitske. Hat it foarelkoar krigen dat net Theo Tattoo de man binnen de klup is mar hij. En eltsenien krûpt foar him. Sjoch
hjir.
Van Bommel oars net de freonlikste at it om ferliezen giet, liet him ek fan syn goeie kant sjen. De geruchten geane dat hij tsjin Bony seit: Bisto de Fuotbalpyt? Sjoch
hjir.

Alde doaze
Ek de alde doaze stie ús wer yn it paad en hawwe mar wer in greep dien. Wij sjogge in spektakulaire  doeman
Tjerk Okkema.

Soe it trochgean?
Wy binne benijd as alle wedstriden sneon wat trochgean. Wy betwifelje it. Heeg 2 belle al om te freegjen as SDS 3 ek op freedtejûn fuotbalje wol. Dit sil wol net om de kondysje fan it fjild gean.

SDS F3
Foar SDS F3 stiet der sneon in wichtige pot op it programma. Sy moatte om 9.00 yn en tsjin koprinner Blauwhûs fuotbalje. SDS E2 hat hast alle wedstriden yn de kompetysje noch wûn(ien kear lyk) en Blauhûs hat alles noch wûn. De ploegen lykje dus aardich oan elkoar weage. Blauhús skoort eltse wike gemiddeld 7 kear en SDS 11 kear. Wa ’t sneon de measte goals makket hat in grutte kâns om hjerstkampioen te wurden.

Alderaardichst
Wy hawwe net folle mei reklames en sikenhûzen, mar moatte sizze dat dizze kombinaasje alderaardichst slagge is(klik
hjir).

Harsens derby(900)
Dit fertsjinnet fansels donkerread: