Weppers moandei 25-7
24 juli 2011Weppers tongersdei 28-7
28 juli 2011Nije websidesponser!
Wy hawwe der wer in nije sponser by op de webside. Ûndersteand logo fan Installatiebedrijf De Jong kinne jim fanôf kommende wike dan eltse dei op de webside tsjinkomme.
South-Park SDS’ers(21)
Eltse dei krije wy noch nije South-Park-SDS’ers binnen en dêr binne wy tige wiis mei. Wolle jim ek ien meitsje dan kinne jim der hjir alles oer lêze.
Hendrik de Jong makke foar ús in prachtige Jelmer Posthumus sûnder bepakking.
Jongfeintepartij
Hjoed is de Jongfeintepartij yn Easterein. Der dogge dit kear wol in hiel soad SDS’ers mei. Sels de nije oanwinst Dylan Drent docht mei. Hy keatst foar Harns.
As jim witte wolle hoefolle SDS’ers meidogge dan moatte jim hjir de list mar efkes besjen. Wy binne benijd op hoefolle as jim útkomme.
Petsje ôf!
Sawol Jelmer as Arjan Posthumus hawwe foarige wike de Fjouwer-daagse fan Nijmegen rûn. Beide rûnen mei 10 kilo bepakking eltse dei 40 kilometer. Ek Popko Wijnia hat him rûn, mar dan mei in lyts rêchsekje.
Douwe Kool
Douwe Kool hat jierren by SDS fuotballe. De hiele jeugd hat hy trochrûn en dêrnei spile hy noch 2 jier yn de senioaren. De ôfrûne jierren hat hy by Heeg 3 fuotballe en it kommende seizoen sil hy by Heerenveense Boys fuotbalje. Mocht hy by it 4e komme dan komt hy dit seizoen SDS 3 tsjin. Mocht hy by it 2e komme dan sit hy by SDS 2 yn de kompetysje.
WK-Bootcamp 2011
Moarn kinne jim hjir alles lêze oer de WK-Bootcamp. Wy kinne wol fêst sizze dat de WK-Bootcamp nije wike freed is.
Wommelser Kampioenskip 25 juli 2011
Sjoend it minne waar hie ik it gefoel dat it wolris in restich WK koe wurden. Miskien wie eltsenien wol restich mar der stoenen mar leafst 23 man op it fjild. Dizze dei giet de analen fan it WK yn as meast besochte WK ea. Sponsers fersiikje mei boskjes om it WK te sponserjen, Omrop Fryslan hat frege om filmrjochten foar de wedstriden en de lokale hoareka wol al biertapkes om it fjild hawwe. It WK sit yn de lift mar foar no docht it WK bestjoer der alles oan om de lift op de earste etaazje te hâlden. Cult en it WK gean hân yn hân en foar as noch sille we dat probearje te hanthaven. Wat foel der dizze edysje fan it WK op?;
– Willem hie genôch skaad fan oare spilers yn de spits.
– Arjen Los hie lytse Los ek los krigen
– Elger Goatsma spile kreas, wie jierdei west en hie in krat bier mei. Chapeau!
– Henk P. yn de war
– Johan P. wie Henk P. syn gids yn it fjild
– Hjalmar R. like skerp as in stik playmobiel.
– Freek T. út de seleksje fan de Vogels 3 setten
– Martijn R. en Arjen P. hawwe ferbroerdering fûn troch harren skienbeskermers.
– Jildert en Remko H. fanmiddei op it gemeentehûs sjoend foar Wommelser ynburgering kursus
– Bram v. B. docht no in hakje yn plak fan de bal bij de tsjinstander yn de sek te sjitten
– Gert Jan H. syn burdgroei ferried syn rossichheid
– Ate Feike de B. teart op âlde fuotbalferhalen
– Pablo hat nei de Copa wer nije ynspiraasje fûn om te fuotbaljen.
– De helte fan it gers fan it fjild siet bij Hendrik E. yn de boxer
– Debút Johannes Abma..de fraach bliuwt of hij wol echt debutearje hat dizze edysje.
– Debut Douwe de Boer..ja, mar ja.
– Tsjipke O. lit it gebeure
– Sytse H. bang foar slidingoanslagen
– Martin R. twadde slachtoffer fan it WK..mar it falt miskien ek wol mei.
– Jelmer P. hat mear stjerren op syn klean dan dat der yn de loft hingje.
– Is der ek ien die Eeltsje(de staveringshifker jout Ezeltsje) Sikke sjoend hat?
Team Donker
Willem, Arjan L., Henk P., Johannes A., Douwe de B., Bram v B., Hendrik E.. Pablo, Remko H., Martin R. Freek T. en Johan P.
Team gekleurd
Tsjipke O., Sytse H., Jelmer P., Gert Jan H., Martijn R., Hjalmar R., Jurjen L., Ate F. de B., Jildert H., Elger G. en Arjen P.
It wie dreech om de goeie spilers te finen dit WK. Drokke fjild besetting soarge derfoar dat er koart en snel kombinearje moast wurde. Trochdat Johannes A. al flot útfoel waar it in party fan 11 tsjin 11. Kânsen oer en wer en it skoare ferrin gie liek op. Mei in liek spul gienen we de winnende goal yn wer Martin R. jammer genôch slachtoffer waar fan it fanatike spul fan it WK.
Mei in man minder wie it dreech foar team Donker om de zones efter yn goed ôf te dekken. Troch in snel kombinaasje spul fan team gekleurd wie it úteinlik Jelmer P. die de winnende goal makke dizze edysje.
De heechtij dagen fan it WK stean foar de doar. Ynformaasje oer de Bootcamp en de finale sille binnenkoart op side komme. De minsken kinne alfêst 5 augustus en 8 augustus reservearje foar dizze eveneminten. De spanning rint sichtber op bij de WK dielnimmers…wie sil der dit jier mei de titel fan de finale fan troch gean..!?
Nimmens it WK Bestjoer,
Alg. Stat. Dir. H.K. Engbrenghof
Harsens derby (528)
De nije oankeap fan Arsenal, Carl Jenkinson, liet yn syn earste oefenwedstryd sjen dat hy wol aardich skore kin. Yn eigen goal wolteferstean: