Weppers tongersdei 28-7

Weppers woansdei 27-7
27 juli 2011
Weppers freed 29-7
29 juli 2011

Earste training SDS 1
De earste training fan SDS 1 sil wêze op moandei 8 augustus. De rest fan it tariedingsprogramma op it nije seizoen krije wy noch.

Fuotballers fan D2
Jûn is er gjin trainen foar D2 (en D3) yn Wommels. In protte fuotballers binne op spulwike.
Tongersdei 4 augustus traine wy wol wêr.
Op tiid der wêze!!
Met vriendelijke groet,
Hans


South-Park SDS’ers(22)
Eltse dei krije wy noch nije South-Park-SDS’ers binnen en dêr binne wy tige wiis mei. Wolle jim ek ien meitsje dan kinne jim der
hjir alles oer lêze.
Hjir de échte Tineke Kamstra fan Janneke van den Elshout:


Lachuh!(1)

Wesley Sneijder soe in tattoe fan Yolanthe op syn búk sette litten hawwe. Wy fûnen dizze reaksje op Twitter wol aardich:
“Het schijnt dat Yolanthe ook een levensgrote tattoo van Wesley gaat laten zetten. Op haar rechterpink………”

Lachuh!(2)

Ronald Koeman sil hjoed op de iepen dei fan Feyenoord fan Feyenoord presenteard wurde as de nije trainer. hy komt oan yn in helikopter. Miskien kin hy better mei de trein komme………………….

Lachuh!(3)
Anne Brouwer wûn juster in beste priis mei de ferlotting by de Jongfeintepartij: 2 kaarten foar de Freule………..

WK Bootcamp 2011
Nei it daverjende sukses fan ôfrune jier koe in ferfolch op it  Bootcamp net útbliuwe. It motto fan dit jier is “Close the gap and raise and bar”. Ynspirearje troch de Amerikaanske patser/streef kultuer sille we dit jier ek probearje om it, dochs al ferskrikkelike hege, nivo noch heger te bringen.  Hoe en wêr ’t wy dit dwaan gean is krekt as ôfrune jier úteraard in ferrassing. Wat wol as in peal boppe wetter stiet is de legindaryske BBQ nei ôfrin fan it Bootcamp.  De BBQ wer it fleis altyd bereid wurd troch de beste koks fan Fryslân, de BBQ wer in fleske bier rapper tokkelt wurd dan as Usain Bolt de 100m kin sprinten. Uteraard is de BBQ bysaak, mar wol in hiele wichtige bysaak.
It Bootcamp sil dit jier plak fine op freed 5 augustus 2011. Wij sammelje mei syn allen om 17:00 op de Terp om sa mei syn allen útein te setten nei de geheime lokaasje.
Ynlis foar it evenemint hinget ôf fan it oantal opjeften foar it Bootcamp. Jim kinne jimme opjaan fia it folgende eameladres: wkbestjoer@hotmail.com. De slutingstermyn foar de opjeften is 3 augustus. Wij as WK Bestjoer hope, lykas ferline jier, op in spetterjende dielname en op in ferskrikkelike moaie dei.
Nimmens it WK Bestjoer,
Alg. Stat. Dir. Raise. Bar. Close. Gap. H.K. Engbrenghof

WK
Jûn is der wer it Wommelser Kampioenskip.
It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.

Harsens derby (529)
It is mar te hoopjen dat der mei it WK fuotbal yn 2014 yn Qatar net tidens de kolleesjes fuotballe wurdt: