Weppers woansdei 26-5

Weppers pinkstertiisdei
25 mei 2010
Programma/utslaggen dizze wike
26 mei 2010

SDS WK-League
Sa ’t it no stiet kinne jim hjir kommende freed de formulieren fine foar de SDS WK-League!


Dochters tsjin heiten
Moarn hoopje wij wat mear sjen litte te kinnen fan de fuotbalwedstriid fan Da2 tsjin de heiten. It waard in moaie jûn, foaral foar de heiten. It soe moai wêze dat de froulju harren fysje op dizze striid joegen. Want de keale sifers sizze miskien wol te folle. It waard 7-0 foar de heiten.

As bagger
Heit Jacob hie dochter Jits spits yn de bûse. Net in kâns joech hij wei yn de earste helte. Yn de twadde helte liet hij de bewaking oer oan Stoffel en Enne. Ek doe wie it “kat yn’t bakkie”. “Ik bin as bagger hjoed,” wie it kommentaar fan Jitske.

Opstelling.
Bij de heiten wie it in gok wat de goeie opstelling wêze soe. Mei in oantal kampingfuotballers, in oantal eks fedettes en in oantal noch aktive feteranen. Mar it stie as in hûs. Gjin kâns waard der weijûn en de iene nei de oare oanfal waard opsetten. Doelpunten wiene der fan Ronald Postma(2) in talint út Rien, fan Jelle Reijenga (hoe kin Nijlân him net ûntdekt hawwe), Sipke Hiemstra (3), hie gjin begrutsjen mei dochter Marije en Aant Hofstra dy’t sels mei lofts skoarde nei in moaie aksje fan Jacob.
Loek wie de man fan de assisten. Nei 240 kilometer op moandei wat him net fitter makke hat, wist hij op snelheid in hiele efterhoede noch foarbij te rinnen.

Clarence Sluier Klassemint

It Clarence klassemint hat der wer in dielnimmer bij. Da2 krigen in strafskop en elkenien rôp om Tarina Veenje. At it no kaam dat se hielendal út har eigen doel komme moast witte wij net , feit is wol dat de bal tsjin it net fan de ballefanger kaam. Nei ôfrin wie se wol sa sportyf om de sluier efkes om te dwaan.

Gjin trainen
Als het goed is weten de spelers het al, maar voor de zekerheid, D2 traint donderdag niet.
Zaterdag de laatste wedstrijd, natuurlijk even winnen boys, en dan allemaal maar kaatsen en even niet voetballen.
Allemaal veel succes volgend seizoen.
Groet,  Boudewijn en Jan-Bouke.

Wommelser Kampioenskip 25 mei 2010
Nei wat ondudelykheid by bepaalde minsken oer de tiiden wie de opkomst dochs bjusterbarlik goed! Mar leafst 13 man stiene oan de start fan dizze edysje werby der nog meldt mut wurre dat Sjoerd van Beem troch in subtyle leafdestut mei it fytsenrek op de Skoalleseize net oanwesich koe wêse op dizze edysje. Wat foel der op it ôfrune WK?
Gjin negatiefe haadrol foar Eeltsje Sikke
Panna bij Henkie Henkie
Jacob Kl.: “As ik net sjoch dan jou ik em !”
Twa Berlijnse mourren is gjin garansje foar de 0
The Black Pearl bliin foar alles wannear it op de winnende goal oankomt
Omdat Ate F. de B. ien kear yn de 3 wiken wasket hie der net syn kakkerlakbroekje oan
Frij tam en sakelijk WK
Team Donker
Jacob Kl., Jacob von W., Hendrik E., Henk P., Jaap T. En Rudy D.
Team Ljocht
Eeltsje S., Ate F. de B., Wietse L.,Bram van B.,Erik H.,Ralph W., Arjen P.
It onefen oantal frege in protte fan team Donker, welke it foaral fan harren “geniale” posysje spul moasten hawwen. Balbesit wie dan ek foar team Donker mar it wie team Ljocht welke dochs in stik sterker wie yn de counter dan team Donker. By in stân fan 6-3 foar team Ljocht wie it de winnende goal welke de beslissing moast meitsje. 98% balbesit foar team donker mar it wie Erik H. die troch in bliksem counter derût kaam foar Team Ljocht en it sakelijk ôfmakke. Sa as al earder seint wie it in sakelijk en frij tam WK wer seker lekker foutballe is. Tongersdei is der wer in WK, dizze sil om 8 oere plak fyne op it skopfjild fan Wommels.
Hoogachtend,
Alg. Stat. Dir. Wk,
H.K. Engbrenghof

Harsens derby (217)
Bondscoach Bert van Marwijk moat syn seleksje noch ynkoartsje oan ’t 23 man. Der moatte dus in pear spilers ôffalle en Van Marwijk is drok dwaande om goeie arguminten te betinken . De Franse bondscoach moat ek noch in pear spilers ôffalle litte. Hy docht dit troch middel fan in soarte fan natuerlike seleksje:



Letter miskien mear!