Weppers tiisdei 25-1
24 januari 2011Weppers tongersdei 27-1
26 januari 2011Bekerfuotbal
Jûn is der beker fuotbal. De echte leafhawwers sille wol witte dat it ek noch streekrjocht te sjen is jûn. Net bij de NOS, SBS 6, Eredivisie Live mar bij Veronica.
SDS 1 – Heerenveense Boys 1 ôflast
Beste mensen,
Ivm met een overlijden bij Heerenveense Boys, speelt SDS 1 zaterdag niet.
Mocht er nog een oefenduel worden geregeld, dan wordt dit later nog bekend gemaakt.
Groeten, Andre Vink
Sealtraine (1)
De SDS-froulju traine jûn yn de seal fan 20.30 oan ’t 21.30. Allegear efkes in eurootsje meinimme.
Sealtraine (2)
SDS 4,5 en 6 traine jûn yn de seal fan 21.30 oan ’t 22.30. Allegear efkes in eurootsje meinimme.
Woansdeitejûn sealfuotbaljûn?
SDS 2 moast justerjûn sealfuotbalje tsjin RES 6. SDS 1 is dizze wike frij.
Oefene
SDS 2 hat juster oefene tsjin Aengwirden 2. Wat it wurden is witte wy net.
Fier oan de lieding
Der binne net folle koprinners yn it amateurfuotbal dy’t 14 punten foarsprong hawwe op de nû twa fan dy kompetysje. En dochs is der ien? Wa wit it?
Herenleafde
Moandei heard by SDS 2 ûnder de brûs:
“Dizze douchen binne aardich hyt”
“Asto der wat langer ûnder stiest dan went it wol”
“Ja, ja, alles went”
“…………..ja, behalve in fint”
“Ja, mar herenleafde is ek leafde,
…………………….sizze se……………………………”
Fan herte lokwinske!
“Knutsel” oftewol Gerard van Asselt is hjoed jierdei!
Hy is 29 jier wurden. Fan herte lokwinske!
Harsens derby(386)
Fan ‘e wike by it trainen fan SDS 2 yn Snits soe der ien efkes in “Panenkaatsje” dwaan. It waard “Stracciatella” en de bal wurdt no noch socht yn de omkriten fan Snits: