SDS League: "Parel 2" bliuwt oan kop.
24 april 2012Weppers tongersdei 26-4
25 april 2012 Seis kear hoera! MFT F1 jûn los Hoe stiet it der foar?
Troch in tripke nei Paris wij wat efterop rekke mei de jierdeis. Dêrom 6 kear hoera foar Ids Boersma (SDS 5- freed 53 jier wurden), Jalko Tanja (sneon 7 jier wurden), Jorrit Veldman (snein 14 jier wurden) Wytse Yntema (moandei 12 jier wurden) en Sjoerdsje Sterkenburg (hjoed 8 jier wurden).
En noch in kear hoera!
Út namme fan Daan Boersma wolle wy Nûmer 14, Johan Cruijff, ek noch efkes lokwinskje mei syn 65e jierdei.
It realisearen fan it MFT liket nei de ein te rinnen. It soe samar kinne dat it offisjeel iepene wurdt op 27 april.
F1 spilet jûn de kompetysjewedstriid tsjin ONS F3. It begjint om 18.45 oere.
Programma 28 april
It programma foar kommende sneon is net al te grut. Sjoch hjir mar ris.
SDS 2 en 3
Om ’t de opkomst op de trainingen fan SDS 2 en 3 hurd weromrinne, traine beide seleksjes tongersdei tegeare om 19.00.
Marcel nei Drachten
Sa strúnend op it ynternet kamen wy noch in (âld) nijtsje tsjin. Âld-SDS-trainer Marcel Frankena sil folgend seizoen sneins-twadde-klasser Drachten trainen gean. Ek bliuwt hy noch 2 jier haad-fuotbalsaken by LAC Frisia.
Marcel is no noch trainer by sneins-tredde-klasser De Westerein.
Dick kampioen!
Âld-SDS-trainer Dick Schuurman is ôfrûne wykein kampioen yn de sneins-tredde-klasse A wurden mei VV Heerenveen 1. Fan herte lokwinske!
Heiten tsjin de soanen
Beste jongens en heiten:
Ja, ja, het is weer zo ver: De wondersloffen kunnen weer uit het vet: De heiten tegen de soanen! Kunnen de heiten wederom domineren? Of hebben de soanen bijgeleerd? Op 22 mei aanstaande zullen we het weten. De wedstrijd begint om 19.00 uur.
RBT
Heiten C1 froeger
SDS C1 no
Yn dizze bijlage kinne jim de standen fan alle teams fan SDS sjen.
Noch net boppe wetter
Tom syn tas mei de fuotbalklean fan ôfrûne sneon binne noch net boppe wetter. Wy witte no yn elts gefal dat de pûde troch ien fan VV Oosterlittens C2 yn de kantine oan ien ôfjûn is efter de bar. Wa ’t mear wit mei maile nei info@vv-sds.nl.
Messi en Tsjipke
Messi miste justerjûn yn de Champions League in penalty wêrtroch Barcelona úteinlik net wûn en útskeakele waard troch Chelsea. No wit Messi ek wat Tsjipke sneon trochmakke by SDS 1……………..
Harsens derby (745)
It slagge Drogba juster hast om fan eigen helte te skoren tsjin Barcelona. Hy moat hjir noch mar ris sjen hoe’t it wol moat: