SDS League: "Parel 2" bliuwt oan kop.

Weppers tiisdei 24-4
23 april 2012
Weppers woansdei 25-4
24 april 2012

It binne dizze wike Klaas Dijkstra mei “Houten Klazen” en Hendrik Engbrenghof mei “Mötley Crüe” dy ’t de wykpriis diele meie.

Marije de Vries stiet noch altiten boppe-oan mei “Parel 2”, mar it ferskil mei de konkurinsje is wat lytser wurden. Har 2e troef “MarijeEel” docht it ek net sa gek. Tegeare mei Eeltje giet sy dizze wike fan 12 nei 7. 

Jaap “Torpedo” Toering docht dizze wike goeie saken. hy rint mar leafst 6 punten út op syn froegere leafde Sjoerd van Beem(“Aan de kant ik moet naar ’t stadion”). Miskien moat Sjoerd syn teamnamme, mar fêst oanpasse(“Ann de kant ik moet naar de Jumbo”), want dat kratsje liket ferlern.

Mei noch 3 spylrondes stiet Dooitze Nauta noch altiten lêst yn de SDS League mei “Meastal Boppe-oan”. Hy hat noch 16 punten efterstân op syn grutte konkurrint Teade de Boer mei “De oanwinsten fan 2011”. Dooitze syn superspits Badibanga fan De Graafschap sil dus no dochs echt in kear skoren gean moatte wol hy net lêste wurde.

Sjoch hjir (jûn) foar de nijste stân:
wike 10.