Weppers tongersdei 26-4

Weppers woansdei 25-4
24 april 2012
Weppers freed 27-4
27 april 2012

SDS-klean bestelle
Op 1-5-2012 sil SDS wer klean by MUTA bestelle foar it nije seizoen. Lytse maten, grutte maten, ensfh.
Dus wa ’t noch iets bestelle wol kin dit fia de webside dwaan of efkes skilje mei 332500. Miskien ha ik it op foarrie.
Tassen en rêchsekken binne op foarrie!!
Groetnis
DDR

SDS 2 en 3
Om ’t de opkomst op de trainingen fan SDS 2 en 3 hurd weromrinne, traine beide seleksjes jûn tegeare om 19.00.

Willem
38 jier wurdt hij hjoed: Willem Overal, de fêste flagger fan SDS 2. Hij wurdt fansels fan herte lokwinske.

Peter
SDS 5 draait dit seizoen goed en skoarde al 63 kear. It is dan ek logysk dat trije SDS 5 spilers yn de top 5 steane fan it klassemint oant no ta. Sjoch
hjir.

D3

It liket hjir allegear noch al raar ta te gean op de training fan D3 mar it foel mei. Under lieding fan Pieter Vellinga en Hans van der Schaar waard der juster rugby dien op de training. En dat gie best wol goed mei dy healwiis stuitsjende bal.

Toeter A-diploma
E1 krige juster middei foar de training wat ekstra enersjy. Hendrik van der Eems hie syn Toeter A- diploma helle, sa’t hij sels sei en traktearde op  Mars. Foar de toeteraars ûnder jim it wie de bugel.
Syn ploechgenoaten wiene der wakker bliid mei en fregen al at hij ek foar de oare 25 letters fan it alfabet giet.

A1
De oanfangstyd fan de A’s tsjin “de Walde” foar oankommende sneon is feroare nei 12.45.
Fertrek om 11.30.

Boudewijn.

Harsens derby(746)
Wat moatte wy hjir no oer sizze?