Weppers woansdei 25-3

Ferkeap m2 keunstgers foar nij sportkompleks
24 maart 2015
Weppers tongersdei 26-3
25 maart 2015

Standen
Nei trije wedstriden nei de winterstop begjint er al wat tekening yn  de striid te kommen. Jim kinne
hjir sjen hoe’t alle SDS fjildteams der foar stean.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 krije jûn wer in swiere dobber. Sy moatte om 20.55 oere yn Snits tsjin koprinner ONS 2.

Zone of sân?
By de training by SDS 2 waard der tiisdeitejûn traind op zonedekking. Al hie it ek sândekking wêze kind………

Dicky

Wij kinne Dicky Dollar fansels allegear, foaral bekend fan syn Russyske roebels. Ek de Dick dy’t wiist nei syn lofterearm, wylst er syn horloazje oan de rjochter earm hat. Dy Dicky, hat in grutte fan yn Wommels. Want it is fansels gjin tafal dat bij de kommende thúswedstriid fan Sunderland, syn nije klup, dy’t him yn ponden útbetellet, Appie Posthumus op de tribune sit. En net samar in wedstriid mar tsjin ierdsfijan NewCastle.

SDS League
Moarntejûn let kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League wer ferwachtsje, mar earst leit hy moarntejûn yn de kantine.

SDS en de Poiesz-aksje
Je kinne noch oan ’t kommende snein 29 maart de Poeisz-munten ynleverje by de Poeisz yn Skearnegoutum. Yn de kantine stiet ek in bak wêr ’t je de Poeisz-munten yn kwyt kinne. By eltse €10,- oan boadskippen krije je in munt.
As wy trochsette dan moatte wy as SDS earst wurde kinne mei de Poeisz-aksje. Sjoch
hjir de nijste stân mar ris. It is tige spannend. It giet tusken VV Scharnegoutm en SDS.


Harsens derby (1461)
“Aaaaaaaaaaaaaaaahhhh Scheisse!!!!!”