Weppers woansdei 20-6

Weppers tiisdei 19-6
18 juni 2012
Weppers tongersdei 21-6
20 juni 2012

SDS EK-League
De SDS EK-League hat der 24 wedstriden opsitten. Sjoch
hjir foar de aldernijste stân (gean nei “vv SDS” en druk op “stand”).
Jan Bulder hat Anne Steen op efterstân setten en sjocht no ynienen de All stars opdûken. Mar wat is it wurdich at je fanôf de kommende dagen de ferkearde kwartfinalisten stean ha. Dan is alles noch mooglik. Alles. Nee net alles. Dooitze sil net op ien komme.

Jierdei
It giet mar troch mei de jierdei. Yn it Bosk yn Wommels is it ek feest. Hester van der Meer wurdt 28 jier. Lokwinske
.

Nije Treffer
Foar de simmer hoopje wy noch ien Treffer út te bringen. Yn dizze Treffer wole wy graach fan alle SDS-teams in ferslachje hawwe oer it ôfrûne seizoen. It hoecht net sa lang. Wy wolle de stikjes graach op syn alderúterlijkst snein hawwe. Mail de stikjes nei
DeTreffer@vv-sds.nl.
Leiders en âlders: klim yn de pinne!!
Oan ’t no ta liket it net in al te dikke Treffer te wurden……………………..mar binne der al krease stikjes fan ferskeidene teams.

Kommersje(2)
Nederlân is útskeakele en de kommersje heaket der lyk wer op yn(klik
hjir)
P.s. Foarige wike stie hjir in ferkearde link by……..

Liplêze
Wy doare der wol in kratsje bier tusken te setten dat der gjin inkele liplêzer is dy ’t Jaap de Blaauw “ferstiet”(klik
hjir).

Fine wy leuk


Harsens derby(793)
Ryann Giggs hie net misstien op dit EK. Syn efterkant wolteferstean: