Weppers woansdei 2-5

Weppers tiisdei 1-5
30 april 2012
Programma sneon 5 maaie
1 mei 2012

Da1
Da 1 sille jûn nei Aldegea foar harren kompetysjewedstriid tsjin Oudega Da1.

Gjin trainen
Om ’t de froulju fan SDS DA1 jûn fuotbalje moatte en der inkelde froulju fan DA2 mei geane is der jûn gjin trainen foar de froulju.

Ek gjin trainen
Y.f.m. allerhande droktes yn dizze maaie-fakansje foar sawol trainers as spilers is der hjoed gjin trainen foar de F-pupillen.
Tsjipke

SDS 2
SDS hat juster krekt net mei dûbele sifers ferlern fan Heerenveense Boys 2. Yn Hearefean waard it 9-1….. It doelpunt fan SDS waard makke troch Gerrit Flisijn.

Spanning
Ek nei de kompetysjewedstriid BCV-Minnertsga justerjûn bliuwt it spannend mei 5 ploegen yn de haadrol. BCV wûn mei 2-0 fan Minnertsgea en sa bliuwt dy ploech op 23 stean, ien puntsje mear as SDS.

Alde Doaze
Miskien kin de rubryk yn dit gefal better hjitte “Fan souder” want Bauke de Boer hat in oantal nijsgjirrige artikel en foto’s yn syn boeken. Wij hawwe in oantal al op
de side setten: de ûndersten wêr’t gjin jiertal bij stiet.

5 maaie
Foar ús as leafhawwers fan muzyk en gesellichheid is it ûnbegryplik dat de KNVB foar 5 maaie in folslein programma hat. Wylst yn Ljouwert op it jierlikse befrijingsfestival de muzyk foar master opslacht, moat
dit programma ôfwurke wurde.

Muzyk yn de kantine
Mar gelokkich is der ek muzyk yn de kantine. De lêste thúswedstriid fan SDS jout as tradysje in slotfessie mei Jan Bouke.

Harsens derby (752)
Nei de 6e skijnbeweging(wa betinkt hjir in moai Frysk wurd foar?) wurd Neymar dochs mar bedobbe………