Weppers woansdei 16-12-2020

SDS-League: ‘FC Mukkes’ pakt de wykpriis!
15 december 2020
SDS-League: De wykpriis wurdt parten!
22 december 2020

Voedselbank en Speelgoedbankaksje

Y.f.m. de nije Koronamaatregels moasten wy earder stopje mei de aksje foar de Voedselbank en de Speelgoedbank. Johan Delfsma hat alles sammele en hat it tiisdei yn syn Woonvaria-buske nei sc Heerenveen brocht wêr ’t sy der tige wiis mei wienen. Allegear tige by tige! Tongersdeitejûn kinne jim om 18.50 oere op FOX 1 sjen hoe ’t it allegear gien is.

SDS-enkête

Ferjitte jim net foar moarn de SDS-enkête fan Anco Bervoets fan de JO19-1 yn te fullen?
Jim kinne de enkête hjir fine. Graach ynfulle foar moarn!

Nij sponserboerd

De PR-mûne by SDS draait folle toeren. Sa hie Bauke koartlyn al wer in nije boerdsponser binnenhelle. It sponserboerd is ynmiddels al klear en it hinget sels ek al; Balansie út Wommels. Moai op tiid foar de ‘krystkilo’s’.

De Treffer

Wy binne drok dwaande mei de nije Treffer. As it allegear goed giet dan giet der moandei nei de drukker en leit der rûn de kryst by jim troch de doar.

De bal

Sels de grutste Feyenoord fen, koe it amper oansjen. De wedstriid fan Feyenoord tsjin in middenmoter út Eastenryk. Sjoerd Mossou hie begrutsen mei elkenien dy’t Feyenoord djip yn de siel sitten hat. Mar it meast hie hij begrutsjen mei de bal. Sjoch hjir .

Hi ho silver lining

Yn 1967 wie ien fan wepmasters 13. Hij siet doe ek fol fan de muzyk. Jeff Beck, noch altiten in poerbêste gitarist song Hi Ho Silverlining en hij makke ek noch in klipke foar Top pop of sa. Justerjûn spile  Wolverhampton Wanderers tsjin Chelsea (2-1) en der wie gjin publyk bij. Mar sa as altyd klonk fan te foaren dat “klupliet” fan dy klup: Jeff Beck mei syn hit út 1967.  Hjir kinne jim heare hoe’t hij it song yn 1967 en hjir sjonge de fans yn in fol stadion.

Harsens derby (2277)

‘En wy geane los!’……. Toet, toooooooooooooooooeeeeeeeeeeeeet!

 

 

 

Letter mear!