Weppers tiisdei 12-5
11 mei 2009Weppers tongersdei 14-5
13 mei 2009SDS 2 derút
SDS 2 hat juster de weromwedstryd tsjin Heerenveense Boys yn Heerenveen mei 5-0 ferlern. Nei de 3-2 winst thús is it neikompetysjeferhaal foar SDS 2 dus út. Heerenveense Boys mei no yn de folgende ronde tsjin HZVV 2 dy ’t wûn fan Staphorst 2.
SDS 2 hie juster net folle te fertellen tsjin de Feansters, mar mei in 1-0 rêststân koe it noch alle kanten op. SDS 2 wie oan it begjin fan de twadde helte efkes iets sterker, mar mear dan ien grutte kans foar Hendrik levere dit net op. Nei de 2-0 gienen de holtsjes by SDS nei ûnderen. It waard úteinlik 5-0 en Heerenveense Boys gie sa terjochte nei de folgende ronde.
Traine E1
SDS E1 traint hjoed net om 18.30, mar om 19.00.
Remco Bervoets
Net traine
De training fan de A- en B-junioaren giet NET TROCH op 13 maaie. Miskien wurdt der freed wol traint. Hâld de website yn de gaten! Takom wike wurdt der wol traint op moandei en woansdei om 19.30.
De tiden jilde foar de B-junioaren en A-junioaren (frijwillige training!)
Groetnis,
Klaas
SDS 4 hat juster 3-3 gelykspile tsjin Blauw Wit. De ûtslach wie flatteert want SDS hat 90 minuten it bettere fan it spul hant. Yn de lêste minuut makken de Ljouwters nog gelyk. Goals van de SDS wiene fan Johan 2x en Gerrit H.
Hendrik Engbrenghof
Ôfskiedswedstriid Floris Hiemstra (2)
Juster berjochten wy al fan de ôfskiedswedstriid fan Floris Hiemstra dy’t kommende freedtejûn om 19.30 oere ferspile wurde sil yn Easterein. No binne der ek al wat nammen útlekt dy’t yn it team fan Floris ferskine sille. Sa sil Egbert Bootsma it doel ferdigenje, nimt Wouter Hijlkema syn ‘fertroude’ stekje yn binnen it team en sil yn de punt fan de oanfal Jappie Wijnia eardere tiden oplibje litte. Lâns de sydline giet Klaas Dijkstra de honneurs wiernimmen en pakt heit Geert de grinsrjochterflagge wer op. De komplete list sil wierskynlikens moarn folgje.
In tipke fan de sluier
It ferhaal dat ik dwaande wêze sû mei in grutte manifestaasje is hielendal wier.
Allinnich wol ik wol efkes in lytse wiiziging taljochtsje.
Ik ha gjin wit fan wa at jim de gerjochten ha mar it lyket der op dat wy in mol hawwe binnen sds4.
Dizze ynformaasje is dochs al wer ferâldere en hat sa dwaande gjin gefolgen foar de oankommende festiviteiten.
Wat it thema oan gjint, dit sû inderdaad in eksotiske tint ha mar troch it fergrutte risiko fan in besmetting mei de meksikaanse- as bargegryp ha ik hjir mar fanôf sjoen.
Ik kin al in lyts tipke fan’e sluier oplifte wat it thema dan wol oanbelanget.
Jelte
Moai op ‘e tiid
In bult SDS’ers sille snein nei de bekerfinale. De ien(Skelte) sil yn de auto en de oar giet mei de bus(Trienus, Dirk, Hendrik ensfh.). Ek giet der in hiele bult yn de trein. Nieuw-Noord(û.o. Sjoerd, Jan, Johan, Rinse, Wesley en ik sei de gek) sitte yn trein 1. Sa pikke sy moai de hiele dei mei (klik hjir).
Ûnderguod
Johan Delfsma sil snein yn Rotterdam syn ûnderguod wol wat leger drage as oars:
Oanpakke
Eeltsje Postma fûn dat hy fan ‘e wike nogal stecich oanpakt waard op it WK. As wy dit sjogge dan foel it wol wat mei: