Weppers woansdei 13-11

Weppers tiisdei 12-11
11 november 2013
Seal jeugd 2013-2014
13 november 2013

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 sille jûn om 20.30 thús sealfuotbalje tsjin SC Bolsward 2. Willem Twijnstra sil it skoreboerd betsjinje.

Blesseard
De wepmaster mei rydbewiis hat sûn ’t 3 wiken in spierblessure. De oarsaak is in grut riedsel. Striker Dooitze Nauta tinkt oan te min focht, mar dat wol der by ús net yn. Sels tinke wy oan tefolle hite nútsjes en oars is it dochs de drûge woarst fan Murk(klik
hjir).

Sealtrainen jeugd
Fanôf 2 desimber sil de jeugd sa no en dan wer yn de seal yn Easterein traine. Jim kinne it foarlopich definitive skema hjir alfêst fine.

Sealclinics en -toernoaien jeugd
Fan ’t winter binne der fansels ek wer de jierlijkse sealtoernoaien en -clinics. Sjoch hjir foar alle data.

SDS-sealtoernoai 2014
It SDS-sealtoernoai foar senioaren, A-junioaren en sealfuotballers fynt dit seizoen plak op sneon 25 jannewaris.

OFK
Begjin jannewaris dogge âld-SDS 1(seal) en SDS 1(froulju) wer mei oan it jierlijkse OFK(foarhinne Midwintercup) yn Frjentsjer. De lotting is kommende freed 15 novimber.

Frysk kampioenskip sealfuotbal
De jeugd fan SDS C1 docht dit seizoen ek mei oan it Frysk kampioenskip sealfuotbal fan de KNVB. Harren foarronde hawwe sy op sneon 21 desimber yn Easterein. Dêr kinne je dus wol efkes hinne te sjen.
De finales binne yn Frjentsjer.

SDS League
De nijste stân fan de SDS League komt moarn.
Wy melde dan ek noch net wa ’t de wykpriis wûn hat, mar kinne wol fêst sizze dat degene dy ’t moandei by SDS 2 al ûnder de brûs stie te sjongen dat hy de wykpriis pakken gie in hiel ein kommen is………..

Harsens derby(1156)
Somtiden soenen je as spits wolle dat der gjin smartphones bestienen mei kamerafunskje:


Letter miskien wol mear!