Weppers woansdei 13-1

Weppers tiisdei 12-1
12 januari 2010
Weppers tongersdei 14-1
13 januari 2010

Fan herte lokwinske!
Eeltsje Postma is hjoed 21 jier wurden. Fan herte lokwinske!

Wat wurdt it al in grutte jongen.

Sealfuotbalje
SDS 1 moat jûn yn Ljouwert sealfuotbalje tsjin Friesland 2. De seleksje is net al te grut troch blessures fan Peter(rêch,kût) en Freek. Ek Tsjipke, Jan-Simon en Anne binne der net. Jaap, Tseard, Feite, Ruurd en Willem sille it no mei syn fiven dwaan moatte.

SDS 1: drafe of it fjild op?

De jongens hiene juster de keus of we gean te drafen of we gean it fjild op!
Frjemd genôch wie der gjin ien die te drafen woe en sa kaam it dat o.a. Skelte en Hendrik op hun Nike-Airs troch de snie skoden!
We hawwe justerjûn de wedstryd Estlân – Canada op it treningsfjild neispile. De omstandichheden wiene juster suver noch minder. Estlân, mei op ‘e goal Jacob Klaas en fierders in soad spitsen, moast it dochs ôflizze tsjin syn broerke en co. 
It ferskil waard mei namme makke troch de jonge (slide-)hûnen Ewout en Redmer die it gêrs hast under de snie wei opfrieten. Hendrik waard matchwinner troch op 11-11 de winnende goal binnen te sjitten!
Dick


SDS League
It prizenjild foar de earste helte fan de SDS League is (behalve de earste 6 wykprizen) noch net útkeard. Dit om ’t Baukje de Jong de ponge krekt oernommen hat fan Willem Twijnstra. Wy hoopje it ynkoarten foarelkoar te krijen.

SDS 1-trainingsprogramma tongersdei
Op het programma stiet in spinning-les yn it fitnesscentrum yn Wommels.
Fertrek om 20.00 oere út Easterein en oars 20.03 oanwêzich yn ’t fitnesscentrum.
Tink der efkes om dast twa handdoeken meinimst en in bidon.
Foar degene die in fietsbroekje hat (oars kinne we fêst wol ien fan Aant liene) dy ek mar meinimme. Dan sit it freed in stuk nofliker op ‘e bank. 
groetnis
Dick

VI-kwis
De VI hat wer in alderaardichste “Frjemde-fûgelkwis”. Sjoch hjir mar ris.

Harsens derby (108)
Louis van Gaal kin mar net wenne oan dy schwalbes yn Dútslân: