Weppers tongersdei 14-1

Weppers woansdei 13-1
12 januari 2010
Weppers freed 15-1
15 januari 2010

SDS 2 sil oefenje
Mannen fan it twadde,
Sneon,16-01, sil der oefene wurde tsjin TOP’63 om 14.30 oere.
We geane om 13.30 oere fuort.
It fjild fan TOP wurd sniefrij makke dus hâld der rekken mei dat it troch giet.
Alle spilers fan de B- seleksje wurde ferwachte.
Oft it ôflast wurd , traine we om 13.30 oere yn Easterein.
Nije wike sneon, 23-01, ha we in wedstryd tsjin Knickebockers yn Grins.
Dit op keunstgers om 14.00 oere.
Gr. Klaas.

Klaverjasse
Sneon 23 jannewaris sil der wol net fuotballe wurde (behalve jûns yn de seal). Derom is dat in moaie middei om efkes te klaverjassen. De aktiviteitenkommisje hat sjoen dat de jeugd it klaverjassen no ek wat ûnder de knibbel begjint te krijen en dat is wol aardich foar de âlderen dan hawwe dy ek ris wat tsjinstân. It sil om 14.00 oere begjinne en mear ynformaasje komt letter fan de aktiviteitenkommisje ûnder lieding fan Oebele Anema.

SDS 1 seal ûnderút
De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe juster mei 4-1 ferlern fan Friesland 2. Dat it in drege wedstryd wurde soe wie fan te foaren al dúdlik. Mei mar 5 man soe it net maklik wurde, mar lokkich genôch koe Harm-Auke Dijkstra op it lêste momint noch mei en hie SDS 1 dochs noch in wiksel. SDS moast yn de wedstryd al gau efterút rinne, want de mannen fan Friesland kombinearden en wisselen mei gang fan posysje. By de rêst wie it 1-0 foar Friesland en de SDS’ers hienen de tonge al hast op de skuon. Yn de twadde helte hie SDS wol in pear kânskes op de 1-1, mar de Ljouwerters wienen better. Jaap koe noch wat goals foarkomme, mar koe net foarkomme dat Friesland úteinlik dochs terjochte mei 4-1 wûn. Feite makke de goal foar SDS.

Gjin fytsbroek
It muoit mij tige Dick. Ik mei dan wol in soad fytse, in fytsbroek is net nedich op in lisfyts. Dat kin gewoan mei in Bjorn Borg of in Hema ûnderbroek.
Aant

SDS-sealtoernoai
Sneon 23 jannewaris is der wer in SDS-sealtoernoai foar de senioaren en A-junioaren. Dit begjint om 19.00. Eltsenien kin him opjaan by harren leider of fia info@vv-sds.nl.

Traine
E1 hat dizze winter al wer foar de lêste kear trainen yn de seal. Freed om 17.00 oere.

Twitterje mei Gregory van der Wiel

Noch net sa lang hie Gregory van der Wiel in probleemke mei de bûnskoach. Hij hie twittere wêr’t hij wie. Wij woene ek efkes twitterje mei Gregory mar hij is net berikber. Hij hat syn berjochtsjes beskerme en binne allinne berikber at hij it goed fynt. En omdat wij graach lekke meie, binne se net foar ús beskikber.

Harsens derby (109)
Dizze keeper fan Mozambique hie syn holle der efkes net goed by en makke in hiele nuvere dûk wêrtroch hy hast nea wer syn kop derby hâlde koe: