Weppers woansdei 12-5

Weppers tiisdei11-5
11 mei 2010
Weppers tongersdei 13-5
12 mei 2010

Gjin trainen
De B1 en de A1 trainen niet vanavond. Lody is ergens anders actief.

Programma hjoed
Ek hjoed binne der wer wat wedstriden op  de Skoalleseize yn Easterein. Om 18.30 oere steane de folgende wedstriden pland.
SDS F2 – Joure SC F6  3-5
SDS F5 – RES F3      0-1


SDS 4 wint
Wij gyngen der in bytsje fan út dat SDS 4 justerjûn wûn hat. Bij it skoft wie 2-0 troch doelpunten fan Erwin de Boer en Johan Delfsma.
De útslach is 2-1 wurden, sa meldt ús Johan. Der wie in soad striid en ynset foar nedich om de oerwinning oer de streep te lûken.

Unbekend
SDS 4 spile justerjûn op in ferlitten sportpark. Enno Bruinsma trotsearre de kjeld wol efkes. “SDS 4 , ik kin der net ien fan, jim wol” sa frege hij ús. Wij moasten bekenne dat wij se allegear koene. “Kinne jo der echt net ien”, sa fregen wij foar de wissichheid noch efkes. “Nee, allinne Lieuwe Jan van de Brug sjoch ik as bekende”.
Wij hawwe it mar sa litten mar fûnen it wol sneu foar syn pakesizzer Steffen Bruinsma dy’t ek meidie.

45+
Foar it 45 +plus toernooi (7 tsjin 7) yn Balk of Berltsum kinne noch in pear spilers bij. Sjoch
hjir foar mear ynformaasje en foar it opjaan. Graach gelyk reageare.

Meinte
Fêste supporter Meinte Wesselius lit ús witte dat de webside fan syn bedriuw klear is. En dat wolle wij graach diele mei jim.
NononsensZ Leren en Groei’ is in bedriuw dat him dwaande hâld mei it ûnderstypjen fan lytse en middelgrutte bedriuwen yn it noarden fan ús lân op it mêd fan personiel en organisaasje. Wat dat allegear ynhâld, kinnen jo leze op www.nononsensz.nl

Foar neiere ynfoarmaasje kinne jo hielendal frijbliuwend in ôfspraak meitsje mei Meinte Wesselius, tel. 06-83170822

Keatse
Hjoed begjint de doarpekompetysje. Dat is in soarte mei ûnderlinge wedstryd fan SDS 1 spilers dy’t no tsjinelkoar keatsen gean. Wommels mei û.o. Erik, Jaap en Tsjipke Klaas nimt it thús op tsjin Easterlittens mei Feiko.
Yn Mantgum stiet Skelte en oaren klear om Jacob Klaas en maten te ferslaan. It hiele programma kinne jim
hjir sjen.

Oare datum JC – SDS
De JeugdKommisje hie in gearkomst útskreaun op 2 juny, mar dy wurdt no ferpleatst neffens it berjocht wat wij krigen fan Bote.
Op 2 juni is de kantine niet beschikbaar voor VV SDS, zodoende is het niet mogelijk de laatste leiders/trainers vergadering op deze datum te laten plaats vinden. In overleg met de skoalleseize is besloten om de vergadering te verplaatsen naar Dinsdag 1 juni!!

De wike fan de balkearder (2)
Wij sjogge it Niels, Gert Jan, Thor, Jaap en Klaas noch net gelyk sa dwaan, mar se meie it om ús best in kear besykje.