Weppers tiisdei11-5

Rokjestoernooi
10 mei 2010
Weppers woansdei 12-5
11 mei 2010

SDS 4
Jûn spilet SDS 4 om 19.00  oere thús tsjin Oeverzwaluwen 4. De seleksje stiet bij de weppers fan moandei.

Da2 en D1
Dizze beide teams spylje jûn ek. Da 2 moat nei Grou en D1 nei Boalsert. Wij binne sa as altyd nijsgjirrich nei de útslach.

Jas noch fuort
Dirk Yde kin der net bij: Sneontejûn allinne mar SDSérs yn Jimbar en syn jas noch altiten fuort. Dus noch in kear de oprop oan alle besikers: sjoch efkes op de kapstok, miskien binne jim per ûngelok mei de ferkearde jas thúskommen.

Ofskie

Klaas Okkema naam sneon al fêst ôfskie as trainer koach fan SDS 2. Hij makket de neikompetysje fansels noch wol efkes ôf.

Stuolledûns

“Stuolledûns'”  rôp der sneon immen yn de kantine en Anne pakte gelyk de earste de beste stoel. Klaas en Hendrik makke harren der net drok om, sij hâlde heechstwierskynlik net sa fan stuolledûnsje.

Blaue drek
It fytspaad fan Wommels nei Easterein en fan Easterein nei Wommels leit der kreas bij. Oan ien kant wat lijte en oan de oare kant in feart. Fierders binne de ôfmjittingen sadanich dat je best wol ris in slinger meitsje kinne sûnder dat je de droege feart oan de iene kant yn ride of yn de wiete feart oan de oare kant te wetter gean. En dochs is it paad net altiten breed genôch. At der yn Wommels of Easterein feessies west ha dan hawwe wij de aaklike gewoante om de oare moarns efkes te sjen hoe’t de bermen der bij lizzen. En soms konstateare wij dat immen it net hielendal droech holden hat. Dan is it in útdaging om it spoar te folgen en te sjen wêr’t it hinne giet. Sneintemoarn betiid rûn it spoar nei Easterein. Rjochting it sportfjild mar krekt dêrfoar gie it links ôf. 
Wij kamen der net hielendal út en it like ús net in min idee om de lieder fan SDS 1, dy’t yn dy buert wennet te freegjen at hij ek wist wa’t op de wetterfyts thúskommen wie. Mar foardat René de doar iepen die, wist ús noas al genôch: de lucht fan de blaue drek kaam ús al te mjitte.

Min trije


Wij seagen efkes wat einstannen troch op Voetbalnoord. Wij kinne ús foarstelle dat de mannen fan Kiel Windeweer (6de klasse E op snein) bliid binne dat it seizoen om is. 20 wedstriden spile, alles ferlern, 18 doelpunten foar en 182 tsjin). En dan ek noch trije punten yn mindering. En at wij it goed hawwe binne se ek noch promofeard nei de 5de klasse. Want de 6de klassen ferfalle takem jier. Oh ja, se moatte ek noch twa wedstriden spylje.

De wike fan de balkearder (1)
De doelman is de meast ûnderwurdearre fuotballer. Dat fine de doelmannen sels. En de memmen miskien ek wol. Dêrom dizze wike wat oandacht foar de balkearders.  Of is it mear as dat. Oardiel sels.